Europeeske Kommisje: dizze moanne foarstel digitaal faksinaasjepaspoart
Resint ferskynd
De Europeeske Kommisje wol dizze moanne mei in foarstel foar in digitaal faksinaasjepaspoart komme, hat foarsitter Von der Leyen yn it Europeesk Parlemint sein. Mei dat foarstel moat dúdlik wurde hoe’t it Europeesk faksinpaspoart der útsjen moat.
De kommende moannen wol de Europeeske Kommisje betingsten skeppe. De stipe fan alle lidsteaten foar it paspoart is nedich foar sukses.
Ferline wike sei minister-presidint Rutte dat it noch te betiid is om in beslút oer sa’n koroanapaspoart te nimmen, mar hy sei ek dat Nederlân der gjin beswier tsjin hat. It kin wol “nut hawwe yn de takomst”, sa sei er. Guon lannen trúnje wol oan op de ynfiering fan sa’n faksinaasjepaspoart. Dêrmei kinne EU-boargers dan frij yn en troch alle lidsteaten reizgje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje