Epidemiologen warskôgje foar resistinte firusfariant
Resint ferskynd
It koroanafirus sil binnen in jier sa mutearje dat de measte faksins dy’t no brûkt wurde, net mear effektyf wêze sille. Dat tinkt in mearderheid fan 76 epidemiologen dy’t troch Oxfam Novib troch middel fan in enkête ûnderfrege binne.
Hast allegear tinke se dat it tekoart oan faksinaasjes yn ûntwikkelingslannen derfoar soargje sil dat der in resistinte fariant fan it koroanafirus ûntstiet. It grutste probleem is dat de faksins dy’t no makke wurde, foar in protte ûntwikkelingslannen net beskikber binne, seit Oxfam Novib. De farmaseutyske bedriuwen dy’t de faksins ûntwikkelje. hawwe it allinnerjocht op produksje en dêrtroch ûntstiet krapte. It firus kin him sa fierder ferspriede en mutearje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje