Bywurke: AstraZeneca blykt dochs minder effektyf
Resint ferskynd
De resultaten fan in stúdzje nei de effekten fan it koroanafaksin fan AstraZeneca binne mooglik basearre op âlde data. Dat kin laat hawwe ta in ûnfolslein byld fan de effekten fan it faksin. Dat berjochtet in ûnôfhinklike groep fan sûnenssaakkundigen fan de Data Safety Monitoring Board (DSMB) dy’t resultaten by in klinyske proef hifket.
Moandei berjochte AstraZeneca noch dat út ûndersyk bliken dien hat dat it faksin hûndert persint effektyf is yn it foarkommen fan slimme foarmen fan Covid-19 en sikehûsopnamen. It soe ek foar 79 persint effektyf wêze yn it foarkommen fan besmettingen, mear as de 60 oant 70 persint dy’t earder oannommen waard. It ûndersyk waard útfierd yn opdracht fan de Amerikaanske medisynautoriteit FDA. Minsken fan âld oant jong út de Feriene Steaten, Sily en Perû hawwe deroan meidien.
De noed fan de DSMB ropt de fraach op oft it AstraZeneca-faksin de kommende wiken yn de Feriene Steaten goedkard wurdt, lykas plend. De Europeeske tafersjochhâlder EMA oardiele ferline wike noch dat it faksin feilich en effektyf is, nei’t der meldingen ynkommen wiene oer tromboaze-eftige klachten en in tekoart oan bloedplaatsjes. Tusken tromboaze en it faksin is gjin ferbân fûn, konkludearre it EMA.
Bywurke tongersdei 25 maart 8.30 oere: AstraZeneca hat nije eigen resultaten frijjûn oer de effekten fan it faksin. Yn de Feriene Steaten hat it faksin foar 76 persint effektyf west by it foarkommen fan koroanabesmettingen. Earder hie it bedriuw sein dat dat 79 persint wie, op basis fan ferâldere gegevens. AstraZeneca hie ek sein dat it faksin hûndert persint effektyf is yn it foarkommen fan slimme ferskynsels en dat blykt ek út de nije gegevens.
De resintste data komme út in ûndersyk ûnder mear as 32.000 dielnimmers yn de Feriene Steaten, Sily en Perû.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje