Earste âldere yn Drachten yninte
Resint ferskynd

Foto © GGD Fryslân
GGD Fryslân hat fan ’e moarn in faksinaasjelokaasje yn it Frysk Kongressintyrum yn in Drachten iepene. Nei WTC Expo yn Ljouwert is it de twadde lokaasje Yn Fryslân dy’t alle dagen iepen is. It jout in grut tal âlderen de mooglikheid om de koroanaprip tichter by hûs te heljen. Fan ’e wike kinne der alle dagen 235 âldere minsken terjochte.
Oant hjoed wie it ynintsjen mooglik foar minsken fan tachtich jier en âlder. Fan moarn (2 maart) ôf krije minsken fan 75 oant 80 jier ek in útnûging fan it RIVM. Meiwurkers yn de soarch foar beheinden, thússoarch en WMO kinne ek in ôfspraak meitsje.
Op de foto Vera van Loo (82) út Drachten. Dy krige de earste prip fan GGD-meiwurker Ieke Punt. Frou Van Loo fielde der neat fan, sei se. Se hie it wol slimmer meimakke. Se hopet dat se gau ymmún is.
Op de foto op de thússide is boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân mei frou Van Loo yn petear. Links kertiermakker faksinearjen Nils van Mourik fan GGD Fryslân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje