Doarpskrante De Koepel Wytmarsum wint lustrumedysje ‘It bêste Frysktalige redaksjestik’

maart 4, 2021 09:52

In krystferhaal is it bêste Frysktalige redaksjestik fan ’e doarps-, wyk- en stedskranten fan ’e gemeente Súdwest-Fryslân yn it ôfrûne jier. It krystferhaal is skreaun troch redaksjelid Wim Beckers fan doarpskrante De Koepel út Wytmarsum. It stik is keazen út santjin ynstjoeringen.

Foto: pixabay.com

De earste priis, in sjek mei in bedrach fan 300 euro, waard útrikt troch wethâlder Mirjam Bakker. De útrikking fan dizze lustrumedysje barde digitaal. De twadde priis (200 euro) is foar in kollum, skreaun troch Nathalie Oliveiro, redaksjelid by de Doarpskrante fan Easterein en de tredde priis (100 euro) wie foar it stik  ‘Dames Faber sjogge werom op dokumintêre’, skreaun troch Marije Postmus fan Diggelfjoer út Wommels.

Ambassadeurs fan it Frysk
It is de fyfde kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priisfraach foar it bêste Fryske redaksjestik yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten útset hat. Wie de útrikking oars yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert, dizze kear moast dy digitaal holden wurde.

Yn totaal hat de gemeente santjin Frysktalige teksten krige, fan acht doarpskranteredaksjes. Wethâlder Mirjam Bakker: “Prachtich dat der it ôfrûne jier wer safolle moaie tekskten ynstjoerd binne. It is foar de Fryske taal belangryk dat minsken yn it Frysk skriuwe en it is in moai sinjaal dat der yn sa’n nuver jier dochs santjin teksten ynstjoerd binne!”

De sjuery hat de ynstjoeringen beoardiele op lêsberens, aktualiteit, mar ek op kreativiteit en fansels op it brûken fan ’e Fryske taal. Sjueryfoarsitter Douwe Blom: “De sjuery kriget it alle jierren krekt wer wat dreger. Dat is in opbou dy’t wy graach fêsthâlde. En sjoen de ynstjoeringen fan dit jier, dêr’t in moai ferskaat yn sit fan sawol foarm as ynhâld, moat dat de kommende jierren grif ek slagje. It bewiist dat de Fryske taal libbet en kreatyf brûkt wurdt.” Njonken Blom, dy’t riedslid is foar de FNP yn Súdwest-Fryslân, bestie de sjuery út Jantine Weidenaar, sjoernalist by Omrop Fryslân, en Frysk skriuwer, yllustrator en muzikant Paul van Dijk.

Dit jier wurdt de priisfraach opnij útset. Nij is dat der ditkear ek teksten yn it Stedsk ynstjoerd wurde kinne en dat de redaksjeleden fan Hylpen oantrune wurde om teksten yn it Hylpersk yn te stjoeren. “Wy wolle net allinne omtinken foar it Frysk freegje, mar ek foar de streektalen út ús gemeente. De priisfraach is dêr in moai middel foar”, jout wethâlder Bakker oan.

maart 4, 2021 09:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.