Digitale presintaasje ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’

maart 12, 2021 08:50 Fernijd

Foar it earst sûnt jierren koene wy dizze winter wer reedride op natoeriis. De iisbanen yn Fryslân sieten fol mei besikers dy’t genietsje woene fan de iiswille. Hoe lizze iisbanen derhinne as de maitiid wer begjint, as it iis wer fuort is en it wetter fan ’e iisbaan ôf? Iensum en ferlitten no’t der net mear op riden wurde kin? Nee, se wurde brûkt, en hoe! Der wurdt op keatst, fuotballe en kuorballe. Hynders, kij en skiep rinne te weidzjen op it stikje lân. Der wurde gewaaksen op ferboud. En wannear’t iisbanen der dochs ferlitten by lizze, dan biede se romte foar rêst en besinning. Tresoar bringt fan 21 maart o/m 24 maaie 2021 mei de digitale presintaasje Iisbaan yn ’e maaitiid, Fryske iisbanen yn ’e maitiid yn byld. 

‘Iisbaan Hijum’ fan Hendrik Elings (boarne: Tresoar)

Skilderijen, pinhole fotografy, poezy en mear
De skilderijen fan Hendrik Elings, de swart-wytfoto’s fan Baukje Venema en de gedichten fan alve Fryske dichters fertelle op keunstsinnige en ynspirearjende wize it maitiidsferhaal fan njoggen Fryske iisbanen. Yn in fideosearje fertelle de byldzjend keunstners en dichters de ferhalen en wurdt it publyk meinaam yn de wrâld fan de iisbanen én yn ‘e wrâld fan ’e keunstners sels. Se fertelle wêr’t se troch ynspirearre reitsje en hoe’t se te wurk gean. Dêrneist jouwe se  tips oer hoe’t men sels mei skilderjen, fotografearjen en dichtsjen oan ’e slach gean kin. Krekt foar de maaiefakânsje leit in DIY-pakketsje klear foar bern om kreatyf oan ’e slach te gean mei it tema ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’. De fideosearje, tips en mear binne meikoarten te besjen op de webside en socialmediakanalen fan Tresoar.

‘Iisbaan Muntsjesyl’ fan Baukje Venema (boarne: Tresoar)

Selfyboerd
De maitiid mei syn oprinnende temperatueren en de natuer dy’t him ûntjout, nûget út om sels op paad te gean nei de eigen iisbaan of ien yn ‘e buert. Hoe leit dy derhinne? Wurdt der op sport, rint der fee te weidzjen of is it in hearlik, rêstich plak? Troch der in foto fan te meitsjen en dy mei de hashtag #iisbaanynemaaitiid te dielen, kin dy faaks wol oare doarpen en stêden ynsprearje. En om it noch moaier te meitsjen hat Tresoar by de iisbanen yn Wikel, Nijlemmer, Bakkefean, Burdaard, Sint-Jabik, Aldtsjerk, Blessum, Muntsesyl en Hijum in selfyboerd set.

Boek Iisbaan yn ’e maaitiid
By de digitale presintaasje heart it boek mei deselde titel Iisbaan yn ’e maaitiid mei skilderijen fan Hendrik Elings, foto’s fan Baukje Venema makke mei in 19e-iuwske houten kamera, en de gedichten fan alve dichters. Dat binne Johan Veenstra, Henk van der Veer, Hein Jaap Hilarides, Elmar Kuiper, Gerard de Jong, Nyk de Vries, Eeltsje Hettinga, Albertina Soepboer, Baukje Wytsma, Elske Kampen en Janneke Spoelstra.

De digitale presintaasje Iisbaan yn ’e maaitiid is yn gearwurking makke troch Hendrik Elings, Baukje Venema, alve Fryske dichters, foarmjouwer Monique Vogelsang, fideomakkers Petra van der Molen en Rob Pieters, Utjouwerij Louise en Tresoar.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.tresoar.nl.

maart 12, 2021 08:50 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.