De tsjusterte yn it Waadgebiet is fan essinsjeel belang

maart 17, 2021 08:49 Fernijd

It Waadgebiet is in unyk stik Nederlân. It is nammentlik it tsjusterste plak fan it lân. Op sneon 20 maart fan 20.00 oant 21.15 oere, mei de Lanlike Stjerrekykdagen, organisearje de trije noardlike natuer- en miljeufederaasjes in digitale tocht troch dat spesjale gebiet.

Lauwerseach (foto: Marten Zijlstra)

Live út it Waadsintrum op de Ofslútdyk wei giet boskwachter Jaap Kloosterhuis op ’en paad en lit sjen watfoar libbden der nachts allegear is en wêrom’t de tsjusternis yn it Waadgebiet sa wichtich is. Dêrnei wurdt troch stjerrekundestudinten fan de Ryksuniversiteit Grins út in stjerrekundich perspektyf wei ferteld wat it belang fan de tsjusterte is.

Tsjusterte yn Nederlân
Jaap Kloosterhuis is boskwachter fan Steatsboskbehear yn Nasjonaal Park Lauwersmar. Hy wit in protte oer de natuer yn dat prachtige gebiet en oer it belang fan tsjusterte foar plant en bist. Sûnt oktober 2016 is it Lauwersmargebiet in offisjeel Dark Sky Park: in plak dêr’t it tsjuster is, dêr’t de tsjusternis beholden bliuwt en dêr’t besikers nachts wolkom binne om dat te belibjen. De Lauwersmar is ien fan de lêste plakken yn Nederlân dêr’t it noch echt tsjuster wurdt. Dêrtroch is dêr nachts noch in heldere stjerrehimel te sjen. Op guon dagen is dêr sels it Noarderljocht te sjen. Yn it grutste part fan Nederlân wurdt it spitigernôch nea mear écht tsjuster. Yn it Waadgebiet binne op guon nachten 3500 stjerren te sjen, foar 50 oer yn de meast ferljochte gebieten fan Nederlân.

It Amelân (foto: Miklas Borbe)

Tsjusterte-ambassadeurs
Yn de sjo fertelle Alex, Annemarijn en Nynke oer it belang fan tsjusterte út in stjerrekundich perspektyf wei. Hja binne trije stjerrekundestudinten oan de Ryksuniversiteit Grins én tsjusterte-ambassadeurs. Hoe bewust binne jo mei it ljocht dat jo brûke? Wat sjocht men eins nét troch al it ljocht dat der om jin hinne skynt? In tsjustere stjerrehimel sjocht der wierskynlik hiel oars út as dat jo wend binne. Stjerrekundigen fernimme dat ek: hja kinne hieltyd minder troch har teleskopen hinne sjen.

Oanmelde is fergees. Mear ynformaasje is te finen op www.nachtvanhetwad.nl.

De Nacht fan it Waad is in inisjatyf fan de natuer- en miljeufederaasjes fan Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân, Ryksuniversiteit Grins, Steatsboskbehear en Natuermonuminten. De Nacht fan it Waad wurdt mooglik makke troch it Waadfûns, it Prins Bernhard Kultuerfûns, it Nasjonaal Park Lauwersmar en de provinsjes Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân.

maart 17, 2021 08:49 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.