De stavering is wat it is!

maart 30, 2021 06:28

Kollum

It is wer safier, de staveringen yn ús beide lânstalen moatte wer feroare wurde. Dat binne alteast guon fan ús fan betinken. It moat dúdliker, sadat bern yn hieltyd minder tiid hieltyd better leare te lêzen en te skriuwen. It aardige is dat yn beide talen minsken binne dy’t sokke feroaringen foarsteane. Der moat in ienfâldiger stavering komme. Dat soe it aai fan Columbus wêze, tinke de foarstanners. De pommeranten dy’t feroaringen wolle, ha lykwols gjin omtinken foar oare taalswierrichheden. Op skoalle moatte hieltyd mear talen leard wurde, wylst der troch hieltyd mear fak- en foarmingsgebieten hieltyd minder tiid foar beskikber is. Der wurde ommers net allinne yn de stavering flaters makke. Wie it mar wier! Brieven wurden hieltyd minder goed of sels hielendal net begrepen. Tekstbegryp is foar hieltyd minder minsken weilein en it hâlden fan taspraken slagget eins hielendal net mear. Maarten van Rossum, jimme witte wol, de man dy’t oeral ferstân fan hat, kin en wol net in minister of keamerlid neame dy’t wol in goede taspraak hâlde kin. Dêrom moatte we werom nei in pear talen en dy moatte goed leard wurde. Oars nimt de ‘laaggeletterdheid’ en it analfabetisme allinne mar ta.

Hawar guon fan ús sette dus yn op de stavering. Men soe hast tinke dat it heech tiid wurdt en feroarje, mar dat ha we yn 2015 krekt dien. Dêrfoar jilde sûnt 1980 de saneamde Steatestavering en dêrfoar sûnt 1945 de Akademystavering, dy’t de Alde stavering fan foar de oarloch ferfong. Dy feroaringen betsjutte dat noch hieltyd minsken foarmen skriuwe dy’t by dy eardere staveringen hearre. Guon wolle sels dat dy âlde foarmen en noch wat dingen in soarte fan alternative stavering bliuwe, in soarte fan wyt boekje sa’t se dat yn Hollân ha. Wylst âlde foarmen noch brûkt wurde, wurde nije alwer útsteld.

Yn it Hollânsk giet it eins krekt sa om en ta. Dêr ha we it oer de no jildende stavering fan De Vries en Te Winkel. Dy stavering jildt sûnt 1883 yn ús lân, mar yn 1947, yn 1996 en yn 2005 waard dy stavering wizige en by de tiid brocht, sille we mar sizze. Dat neame we it Groene Boekje. Dêr jildt eins itselde as te uzes. Guon woene fêsthâlde oan âlde foarmen. Dat late yn 2006 ta it Witte Boekje, dat no stadichoan wat op ’e eftergrûn rekket.

Sa wurdt yn beide talen de betizing yn stân holden. Wat moat men mei hieltyd wer oare âldere en nijere wurdbylden, dy’t by ferskillende staveringen hearre. It komt dat wurdbyld net te’n goede en dat wylst dus de stavering op skoalle yn hieltyd minder tiid syn gerak krije moat. Men soe ynsette moatte op dúdlike wurdbylden en mear tiid om dy oan te learen en net op nije feroaringen. It makket de betizing allinne mar grutter. En dochs wolle guon feroaringen!

Dy feroaringen betsjutte dat noch hieltyd minsken foarmen skriuwe dy’t by dy eardere staveringen hearre.

Yn desimber ferline jier lies ik yn de LC in artikel fan skriuwer en dichter Eppie Dam oer if feit dat de stavering fan 2015 net foldocht en dat it tiid wurdt om echte kwestjes te regeljen. Hy rjochte him op de skriuwwize fan de y dy’t faak as ij útsprutsen wurdt. Op dit stuit wurdt de Bibel opnij yn it Frysk oerset. Dam hopet dat dêr dan gewoan stean sil: “God is Hij, Maria sij en it berntsje skriemt om dij en mij.” Allegearre lange -íj’s- dus. As ik syn ferhaal goed lês, tink ik te begripen dat er de lestige lûden foar net Frysktaligen fuortnimme wol. Bêst genôch, mar dan witte oaren grif noch wol oare swierrichheden.

Yn it Hollânsk waarden de tiidwurdsfoarmen oan ’e oarder steld. Dat die Dominiek Sandra okkerwyks yn in bydrage yn de LC. Hy is heechlearaar psycholinguïstyk en taalkunde oan de universiteit fan Antwerpen. Hy hat it dêroer om’t de -dt-, de dûbele -d’s- en -t’s-, mar ek de -d’s- en -t’s- oan ’e ein fan tiidwurdsfoarmen gâns swierrichheden jouwe. Dêr hearre fansels ek de lûden yn de tiidwurden by. Tink oan de -a-, -e-, -o-, -u-, dy’t al of net dûbel skreaun wurde moatte. In pear foarbylden fan de swierrichheden yn dy tiidwurden: -Ik word (d)-, jij wordt (dt)-, -hij wordt (dt)-. Dus: -jij wordt- is mei -dt-, mar -word jij- moat allinne mei in -d-. In oar foarbyld: -besteden-. -wij, jullie, zij besteden- (mei ien -e- en ien -d- yn de notiid). Yn de doetiid skriuwe we lykwols: -ik besteedde- (mei twa -e’s- en twa -d’s-). Dat hat wer te krijen mei de regel: stam, stam+t , stam+ -te of -ten en stam+ -de of -den.

It kin fansels allegearre wol feroare wurde, yn it Frysk likegoed as yn it Hollânsk. Allinne wit ik yn ’t foar wol dat it guon te fier of krekt net fier genôch giet en dat tagelyk oare swierrichheden op it aljemint komme. It laat ta nije griene en wite boekjes. It wurdbyld is de grutte ferliezer. Better sein, de lêzer! Dy lêst dochs al minder en komt sa om yn de ferskillende wurdbylden. Dat ik soe sizze, hâld it mar moai by de lêste stavering en brûk dy goed.

Wy ha yn ús tiidwurden dy Hollânske swierrichheden net. Wy skriuwe gewoan: do laadst en laadst do (beide mei -dst-). Wy lade mei ien -a- en ien -d- yn notiid. Datselde jildt ek foar de doetiid: -ik lade- en- wy laden-, gewoan ien -a- en ien -d-. Wa’t de Hollânske tiidwurden perfoarst feroarje wol, soe efkes nei de Fryske sjen moatte om te witten hoe’t it oars en better kin. Likegoed net dwaan! We kinne, tink ik, better wat mear tiid besteegje oan de stavering en it it lêzen. We moatte ta op minder ‘laaggeletterheid’ en minder analfabetisme.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 27 maart yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
maart 30, 2021 06:28
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. Eppie Dam maart 31, 10:25

    Hoi Aant,

    Ja, do hast my goed begrepen tink ik. En ‘oare swierrichheden’ woe ik mar gewurde litte. Ik kom al tritich jier geregeld bij koarrepetysjes, en dy ij is in grut probleem foar elkenien. Minsken moatte der mar nei riede en komme deryn om.
    Juster ha ik noch de earste fjouwer rigels oerset fan in resint Nederlânstalich gedicht fan mysels. It orizjineel giet sa:

    ik zou je ergens moeten kennen
    je gaat zo vaak aan mij voorbij
    wie weet moet ik er maar aan wennen
    die wereld tussen jou en mij

    Hjirûnder de Fryske ferzy, mei de ij’s op it goeie plak. Do bist taalman genôch om te sjen dat it mei oeral i-greks in bytsje in binde wurdt.

    ik moat dy yn ‘e fierte kenne
    do giest sa faak oan mij foarbij
    wa wit moat ik der mar oan wenne
    dy weareld tusken dij en mij

    Mei groetnis út Sleat, – Eppie

  2. Age Sjonger april 3, 16:06

    As koaren in stik ynstudearje yn in foar harren (of guon dêrfan) frjemde taal, dan leit de dirigint of ien fan de leden, of oars mar in saakkundige fan bûten, de útspraak út. Sa giet it mei it Latyn, Italiaansk, Russysk en neam mar op. Dus mei it Frysk ek. Der is noch nea ien op it idee kommen om dêr de stavering foar te feroarjen.

  3. Erwin2.0 april 3, 17:31

    Myn soan fan 11 makket gjin ûnderskie tusken ‘û’ en ‘oe’, mar makket fan alles yn syn appkes ‘û’. De ‘oe’ fynt hy te Nederlânsk. De letter ‘y’ sil foar in lyts groepke Klaaifriezen, en dan ek noch kategory griis, in lytse útdaging wêze. Ik sjoch net dat de jeugd dêr folle problemen mei hat.

    Dy âlde minsken hawwe it Nederlânsk as referinsjetaal en foar jonge minsken is it Ingelsk de referinsjetaal. Ik fyn Ingelsk op skoalle folle wichtiger as Nederlânsk. In protte recruiters op myn LinkedIn fine Ingelsk in ‘must’ en Nederlânsk in ‘bonus’. As it oan my leit ferdwynt it Nederlânsk út Fryslân en dogge wy allinnich noch mar Frysk en Ingelsk op skoalle (mei minimaal noch twa Europeeske talen derby).

    Konklúzje: Friezen dy’t it Nederlânsk as referinsjetaal hawwe binne fan de 20e iuw, net fan de 21e iuw.

  4. Wim april 4, 11:19

    @erwin, dan is jo LinkedIn bubbel enoarm beheind. As advokaat, notaris, accountant, sjoernalist ensafourthinne kin jo net om Hollânsk hinne. In webshop mei in soad taalflaters? Dêr keapje ik net. It haadkantoar yn Amsterdam freget om in rapport, dat sil yn it Hollânsk moatte.

    Fansels moat der mear Frysk komme. Wat my oanbelanget as ienichste fiertaal yn seker de earste 5 groepen en dernei ek foar in grut part fan de lessen. Hollânsk leare bern fansels ek foar in grut part op tv. Fansels ek mei it nedige omtinken foar Ingelsk.

  5. aant mulder april 5, 19:02

    Goejûn bêste minsken,
    Ik bin ynnommen mei jimme reaksjes. It jout stoffe ta neitinken. Ik tink oan koaren en hoe’t dy omgean kinne/moatte mei talen. Dat liket net in grutste probleem te wêzen. de û en oe wurde ek al neamd. Dat is no krekt wêr’t ik bang foar bin. Der binne maklik mear foarbylden te neamen. De opmerkingen oer Ingelsk en Hollânsk binne nijsgjirrich en dat we likegoed net sûnder Hollânsk kinne, Tagelyk wurdt mear omtinken foar mear Frysk op skoallle frege. Ik bin it der hielendal mei iens.
    Tank,
    Aant

  6. Erwin2.0 april 6, 09:51

    @Wim, do joust no sels oan dat it Nederlânsk net fan belang is. Do neamst sektoaren dêr’t net iensen sa’n protte minsken yn wurksum binne. En dan ek noch op dy lytse postsegel Nederlân! Yn myn opset kinne jongeren it Nederlânsk kieze as karfak, mar Frysk en Ingelsk binne de ferplichte talen. Asto net sjen wolst datst mei it Nederlânsk amper in stap fierder komst, dan libbesto yn in bubbel of do bist gewoan âld.

  7. wi april 6, 14:46

    By it leger, plysje, de soarch, ambulânse, efter de kassa, op in resepsje, as kampingmeiwurker ensa ha jo wis Hollânsk nedig. Sels as postrinner (wêr’t der in soad ‘stille’ dagen binne) wurdt dat easke: “Je kunt Nederlands spreken en verstaan.” Kinne jo gjin Hollânsk dan fiskje jo nei deselde baantjes as de Poalen (útsein inkelde sektoaren as ICT).

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.