De bêste (thús)wurkjouwers fan Fryslân

maart 17, 2021 08:54

ZWH Award regio-winners

Lanlik mobiliteitsplatfoarm Zo Werkt Het fierde de ôfrûne moannen kampanje om de bêste (thús)wurkjouwers fan 2020 te finen. En mei sukses! Tûzenen wurknimmers nominearren harren wurkjouwers mei de meast ferskillende en bysûndere ynstjoeringen. Hjoed waard bekend makke dat Hamilton Bright út Snits en BVNG út Ljouwert dy earfolle titel yn de regio Fryslân wûn hawwe.

Winner BVNG (boarne: Gem. Ljouwert)

Zo Werkt Het Award 2020
As blyk fan wurdearring foar organisaasjes dy’t justjes in stapke fierder giene om wurkjen yn 2020 in stik makliker te meitsjen foar har wurknimmers, besleat mobiliteitsplatfoarm Zo Werkt Het om dit jier in ûnderskieding út te rikken oan de bêste (thús)wurkjouwers fan it jier 2020. In earfolle útrikking foar wurkjouwers dy’t it ôfrûne jier it ferskil meitsje kinnen hawwe foar wurknimmers yn harren organisaasje.

Alle wurkjouwers hawwe har wurknimmers op in oare manier stipe yn it thúswurkjen. Dêrby waard sjoen nei ferskate kritearia. Teambuilding, fitaliteit, in noflik thúswurkplak, persoanlike oandacht, wille op it wurk, duorsume mobiliteit, meetings online en reisfoarsjenningen kamen as tema’s oan bod yn de goed 4000 nominaasjes.

De regionale winners
De Zo Werkt Het Award wurdt yn fjouwer ferskillende pûls útrikt. Sa meitsje sawol lytsere start-ups as de multinationals kâns op de earfolle priis. De folgjende twa regio-winners binne keazen út alle nominaasje-ynstjoeringen út de regio Fryslân. Yn de kategory 0-20 en 20-50 wurknimmers is in Fryske wurkjouwer nominearre.

Winner Hamilton Bright (boarne: Gem. Ljouwert)

Yn de kategory 50-200 wurknimmers – BVNG – Ljouwert

Yn de kategory 200+ wurknimmers – Hamilton Bright – Snits

Canan Asilioglu, fêstigingsmanager BVNG Ljouwert: “Wy wiene al tige bliid mei de nominaasje, mar mei it winnen fan de regionale ûnderskieding fansels noch blider! De wurdearring op it gebiet fan ‘persoanlike oandacht’ fan ús meiwurkers dy’t blykt út dy nominaasje docht ús tige goed. Wy binne paslik grutsk, mar realisearje ús ek dat wy noch wat stappen meitsje kinne. Wy besykje as wurkjouwer de (thús)wurksituaasje foar sawol ús ynterne as eksterne meiwurkers sa goed mooglik te fasilitearjen. Dat dogge wy bygelyks troch in moanlikse thúswurkfergoeding, petearen ûnder in kuier yn stee fan op kantoar, ús meiwurkers te fasilitearjen mei laptops en telefoans en flekswurkplakken te kreëarjen binnen ús kantoarromten, dêr’t minsken yn alle rêst wurkje kinne dy’t dat thús troch omstannichheden net kinne. Dat ús oare fêstiging yn Grins ek wûn hat is as in suertsje by de boadskippen.”

Rigt Numan-Velds, CFO Hamilton Bright: “Koroanafirus of net, de meiwurker stiet by ús altyd sintraal; belutsenheid by de meiwurkers sit yn ús DNA. Mar dat wy no nominearre binne troch ús meiwurkers sels en wy de award ek noch wûn hawwe, makket ús ekstra grutsk!”

Op tiisdei 16 maart 2021 tusken 9.00 en 10.00 oere wurde de lanlike winners fan de Zo Werkt Het Award 2020 bekend makke yn oanwêzigens fan alle regionale winners. Op dat stuit wurdt ek it wurd rjochte ta de winners troch Minister fan ynfrastruktuer en Wettersteat Cora van Nieuwenhuizen-Wijbenga. By de digitale útrikking sille in soad bysûndere ynstjoeringen foarby komme en wurde de popûlêre gouden Zowie-bokalen útrikt.

Oer Zo Werkt Het
Zo Werkt Het is in inisjatyf fan tolve mobiliteitsregio’s, dy’t har mei-inoar ynsette foar duorsum en tûk reizgjen. Foar de regio Fryslân is dat Werk Slim, Reis Slim (WSRS).

maart 17, 2021 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.