Caspar Vos opfolger Georges Mutsaerts as direkteur Skiermûntseachfestival

maart 6, 2021 08:54 Fernijd

Nei tweintich jier saaklik lieding jûn te hawwen oan it Ynternasjonaal Keamermuzykfestival Skiermûntseach hat Georges Mutsaerts besletten om mei yngong fan maart 2021 syn funksje as direkteur oer te dragen oan pianist Caspar Vos.

Caspar Vos (l.) en Georges Mutsaerts (boarne: The Publicity Company)

Op it Ynternasjonaal Keamermuzykfestival Skiermûntseach, dat alle jierren yn oktober organisearre wurdt, stiet de moeting fan klassike muzyk en de unike natuer fan it Waadeilân sintraal. Der wurde tsientallen konserten mei ynternasjonaal renommearre musisy holden. Njonken konserten kinne besikers muzyk- en natuerdokumintêres, natuerekskurzjes en lêzingen bywenje. Sûnt 2012 wurdt dêrnjonken yn maart in festival organisearre dat jong muzikaal talint yn de skynwerpers set.

Georges Mutsaerts hat yn 2002 tegearre mei Jeroen Reuling it festival oprjochte. Mei it tiim is de ôfrûne tweintich jier útboud ta wat it no is. De kommende fjouwer jier is de organisaasje fersekere fan finansjele stipe fan ûnder oare Fûns Poadiumkeunsten en de provinsje Fryslân. Mutsaerts fynt dat syn taak derop sit en dat it in moai momint is om it stokje oer te jaan oan de folgjende generaaasje.

Caspar Vos, pianist en redaksjelid fan Podium Witteman, is al sûnt 2018 as kurator ferbûn oan Festival Jong Talint. Hy sjocht dernei út om mei Jeroen Reuling it festival de takomst yn te lieden. De bân mei it eilân, it publyk en de musisy stean dêryn foar him sintraal.

Georges Mutsaerts sil him no folslein rjochtsje op it útbouwen fan ‘Wonderfeel’, it simmerske bûtenfestival foar klassike muzyk yn ’s-Graveland dêr’t er direkteur fan is.

Webside Skiermûntseachfestival

maart 6, 2021 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.