Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 48

maart 1, 2021 06:58

Diel jo miening… en de auto?

Kollum

De belangstelling foar dielauto’s nimt hurd ta. Yn Nederland dielden ferline jier al mear as in heal miljoen minsken in auto. Yn Fryslân binne no fiif lytse ynisjativen, mar de belangstelling groeit fluch. No’t it thúswurkjen populêr wurdt, is in twadde auto fakentiden net sa nedich.

Wat is in dielauto?
Oant no wint de dielauto yn Fryslân hiel foarsichtich terrein, mar hy stiet yn in protte doarpen wol op it ferlanglistke. Foaral yn doarpen mei in enerzjykoöperaasje en dat binne der al sechstich. It kin op ferskillende manieren, mar it faakst sjocht men dat in bedriuw ien (of leaver twa) auto’s yn in doarp beskikber stelt. Dat docht sa’n bedriuw as der genôch brûkers ferwachte wurde. Oanbieders binne der genôch, yn Fryslân ek. Wa’t sa’n brûker wêze wol, betellet in fêst bedrach yn ’e moanne, bygelyks tritich à fjirtich euro en dan is er/se lid. Mei in app op de telefoan kin de auto reservearere, iepene en betelle wurde. Dat giet allegear tige brûkersfreonlik. De stroom komt fan lokale sinneparken. Gjin noed oer fersekering, wegebelesting en reparaasjes: alles wurdt regele.

Gemeente It Hearrenfean begjint mei helpprogramma dielauto’s
De gemeente It Hearrenfean stelt miskien in jildbedrach beskikber foar in dielautoprojekt as dat genôch oanslacht. Dat is it gefal as der yn de gemeente op syn minst tweintich dielauto’s in plak krije, levere troch lokale partijen. Slagget dat, dan wurdt it projekt fierder útrôle oer oare doarpen en wiken yn hiel  Fryslân, wêr’t mar belangstelling is. Dat kin allinne as der genôch dielnimmers komme. Dat is foarôf min te skatten. Dêrom dat yn de begjinfaze de help fan de gemeente ûnmisber is.

Yn de gemeente It Hearrenfean hawwe Akkrum, Aldeboarn, wyk de Greiden, Skoatterwâld, Aengwirden en De Knipe har al as belangstellend meld.

Minsken en wykferieningen dy’t der mear oer witte wolle of dy’t tips hawwe, kinne har ferstean mei info@freonen.nl.

maart 1, 2021 06:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.