Boargerlike stân Brussel: Hannes en IJbele binne gjin nammen
Resint ferskynd
Nee, de namme Hannes koe der wier net op troch, wie it betinken fan de Brusselske amtner fan de boargerlike stân. De Nederlânsktalige âlden koene beklamje wat hja woene dat it in gewoane Nederlânske namme wie, in ôfkoarting fan Johannes, mar neffens de amtner like de namme tefolle op ânesse, it Frânske wurd foar in ezelinne.
It is net foar it earst dat de Brusselske boargerlike stân Nederlânske nammen wegeret. Yn 2019 wegere in amtner de namme IJbele. Hoewol’t de âlden yn it foar oanjûn hiene dat hja Nederlânsktalich wiene, troffen se in amtner dy’t dy taal amper machtich wie. Dy hold fol dat de kombinaasje fan I en J net bestie. Dat de IJ yn it Nederlânsk o sa gewoan is, woe him net oan. De âlden woene it jonkje ferneame nei syn Fryske pake.
De mem, dy’t fan Algerynsk komôf is, beklage har der doe oer dat it oan de gemeenteloketten yn Brussel makliker wie om yn it Arabysk holpen te wurden as yn de offisjele taal Nederlânsk. Brussel is offisjeel twatalich en ynwenners hawwe der rjocht op om holpen te wurden troch in Nederlânsktalige amtner, mar yn de praktyk bart dat faak net.
Yn beide gefallen is it mei de nammen fan de poppen nammers goedkommen trochdat de ferantwurdlike wethâlder him dermei bemuoide. Foar de Flaamske partij N-VA is it probleem oan de loketten min te setten. Mathias Vanden Borre dy’t foar de N-VA yn it Brusselske parlemint sit, seit: “Het is onbegrijpelijk en onwettig dat Brussel een aangifte niet wil erkennen omdat de naam hen niet zint. Dit zijn 19e-eeuwse toestanden, waarbij Nederlandstaligen fysiek geconfronteerd worden met onbegrip en misprijzen van de overheid.” Vanden Borre wol dat Brussel de taalrjochten fan Nederlânsktalige âlden garandearret.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje