Berneboeken Dr. Seuss út de hannel nommen: lêste eksimplaren binne rôversguod

maart 5, 2021 11:26

Foto: Unsplash

De boeken fan Theodor Seuss Geisel binne yn mear as tweintich talen oerset. Under de skriuwersnamme Dr. Seuss makke de Amerikaanske skriuwer goed sechtich berneboeken fol humoristyske plaatsjes en ûnsinrymkes. De kat met de hoed, ien fan syn bekendste boeken helle sels in Amerikaanske postsegel.

Net elkenien fynt de boeken lykwols grappich. Yn it Dr. Seuss Museum yn it Amerikaanske Springfield is yn 2018 al in ôfbylding fuorthelle, omdat besikers dy krinkend fûnen. It gong om in plaatsje fan in Sinees dy’t rys út in komke iet. In negatyf stereotype, wie it betinken fan ‘e besikers.

De ôfbylding komt út it boek And to think that I saw it on Mulberry Street. Dat is ien fan de seis boeken dy’t net wer printe wurde. Neffens de útjouwer binne de plaatsjes yn de boeken ‘krinkend en ferkeard’.

Yn ’e Feriene Steaten binne de besteande eksimplaren fan ’e seis boeken ynienen rôversguod. De ôfrûne dagen bestie de top-fiif fan meast ferkochte boeken op it webstee Amazon út boeken fan Dr. Seuss.

maart 5, 2021 11:26
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Lb maart 5, 13:52

    Yn Sina binne de komkes ferfongen troch boarden; de rys stoot har om ‘e earen. En se ite dêrby apekoal.

  2. Martinus jellema maart 5, 17:30

    It begjint mear en mear op it tonielstik fan Trinus Riemersma te lykjen. De skriuwer fan it doarp. It iennischste fan de tekst fan it tonielstik wat der mei troch koe wie: Ik, de skriuwer it doarp út.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.