Bauke Mollema en Marit Bouwmeester flogje foar minder ôffal

maart 16, 2021 08:44

Bauke Mollema, ien fan Nederlânsk bêste profhurdfytsers, en Marit Bouwmeester, Olympysk en mearfâldich wrâldkampioen silen, binne dit jier ambassadeur foar de publykskampanje fan Omrin.

Ofbylding: Omrin

BN’ers flogje foar minder ôffal yn Fryslân en Grinslân
Safolle mooglik ynwenners motivearje om minder ôffal te produsearjen. Dat is it doel fan de kampanje, dêr’t Bauke Mollema en Marit Bouwmeester dit jier de gesichten fan binne. Yn ferskate flochs sille se sjen litte hoe’t men yn it deistich libben ienfâldich kieze kin om ôffal foar te kommen. De kampanje mei de topsporters is krekt úteinset. Dêr wurdt yn oproppen om goede tips mei-inoar te dielen, om ôffal foar te kommen of better te skiftsjen en te skieden. Want goed skifte smoargens is wer grûnstof foar nije produkten.

Bauke Mollema: “Fan hûs út hawwe wy ek altyd ekstra omtinken foar it miljeu hân. Offal skiede en net fergrieme. Gjin iten fuortsmite, mar de oare deis opite. Hiel simpel. En dingen net samar keapje of fuortsmite. Ik fyn it wichtich dat wy sunich mei de wrâld omgean. Yn de hurdfytserij fernimst dat no ek. Eartiids waarden bidons en itenspûden ûnderweis oeral fuortsmiten. No binne der spesjale fekken dêr’t we it ôffal ‘ôfjaan’ moatte.”

Marit Bouwmeester: “Yn Rio binne by my echt de eagen iepengien wat it miljeu oanbelanget. Wat ik dêr oantrof yn ’e baai, wie tige konfrontearjend. Ut de favela’s wei streamde alles sa de see yn. In echte plestiksop. Dat moat écht oars.”

VANG-doelstelling
It doel is dat der jierliks minder as hûndert kilo húshâldlik ôffal de ynwenner is. En dat 75% fan alle húshâldlik smoargens werbrûkt wurdt. Rjochten eardere kampanjes har foaral op it skiftsjen, dizze kampanje rjochtet him mear op de previnsje fan smoargens. Op dy wize wurde ynwenners ekstra prikele om harren eigen ôffal werklik te ferminderjen.

Alle gemeenten yn Nederlân ha fan de Ryksoerheid de saneamde VANG-doelstelling (‘Van Afval Naar Grondstof’) krige. Dêr is yn fêststeld dat der minder as hûndert kilo ôffal de persoan it jier is. Om dat doel foarinoar te krijen, hawwe de dielnimmende gemeenten yn Fryslân en Grinslân de hannen gearslein. Oan Omrin de taak om de kampanje út te fieren.

maart 16, 2021 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.