Asteroïde komt snein relatyf ticht by ierde

maart 17, 2021 08:52 Fernijd

Asteroïden (foto: Wikipedia/NASA-JPL Caltech – publyk domein)

No snein komt in asteroïde relatyf ticht by de ierde. Neffens ûndersikers fan de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA fljocht it himellichem dan op likernôch twa miljoen kilometer foarby mei in faasje fan 124.000 kilometer yn ’e oere.

De asteroïde, de 2001 FO32, hat in diameter fan inkelde hûnderten meters en is de grutste asteroïde dy’t dit jier relatyf tichtby komt. De ôfstân fan twa miljoen kilometer is mear as fiif kear safolle as de ôfstân fan de moanne nei de ierde.

Tichterby kin de asteroïde nea komme, seit de NASA. Undersikers fan it ynstitút ûntdutsen it himellichem tweintich jier lyn en folgje it sûnt dy tiid. In botsing mei de ierde is útsletten, sizze se. Pas yn 2052 komt de 2001 FO32 wer krekt sa ticht by de ierde.

maart 17, 2021 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.