Argyf De Tiid yn Boalsert iepene

maart 21, 2021 08:52

Yn in digitale gearkomste hawwe de wethâlders Mirjam Bakker (kultuer) en Erik Faber (bedriuwsfiering) it nije gemeentlik argyf fan Súdwest-Fryslân iepene. Net allinnich de iepeningshanneling waard digitaal ferrjochte, ek de tsjinstferliening sil dat fanwege koroana wêze. “As it wer kin, wolle we nei de simmer grutter útpakke mei in offisjele iepening fan De Tiid”, ûnthjitte Bakker.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Omswalkingen
In soad gemeentlike argiven foldogge ûnderwilens oan de wetlike easken foar materiële fersoarging en tagonklikheid. In protte oare lykwols noch net, foaral troch de omswalkingen dy’t de argiven sûnt de gemeentlike weryndieling fan 2011 makke hawwe.

Sân kilometer argyf
De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân stelde ferline jier jild beskikber om de efterstannen wei te wurkjen. It doel is om de wurksumheden yn 2025 ôfrûne te hawwen. Hast alle 600 argiven hawwe nei in protte omswalkingen yn en bûten de provinsje Fryslân no foar likernôch de helte har definityf plak krige yn ien fan de trije argyfdepots yn De Tiid yn Boalsert. De ferhuzing fan de oare helte sil mids april klear wêze. Yn totaal giet it om sa’n sân kilometer argyf.

Fassinearjend ferhaal
Direkteur Bert Looper fan de Fryske erfgoedynstelling Tresoar ferwachtet dat it argyf ek ynternasjonaal wurdearring krije sil. Hy referearre oan de oerdracht fan it argyf fan de eardere stedsgemeente Starum, dat in wichtige rol yn de skiednis fan Noardwest-Europa ynnimt. “Op gjin inkeld plak yn Fryslân binne de identiteitsskaaimerken sa grut as yn Statum, dy’t it ferline brûkt as oriïntaasje op de takomst. In fassinearjend ferhaal oer de opkomst, it ferfal, de ynspiraasje en de takomst.”

Foarearst allinnich online tsjinstferliening
Troch de koroanapandemy is it noch net mooglik om fysyk in besite oan it argyf te bringen. “Dochs wolle we argyfûndersikers yn De Tiid op harren winken betsjinje”, seit wethâlder Faber. Dat kin fan 22 maart ôf fia www.detijd.nl. “De oanfrege stikken wurde dan scand en nei de oanfreger ferstjoerd.”

Mei-inoar sterk yn ’e regio
Wethâlder Bakker wiisde derop dat it gemeente-argyf mei klam de gearwurking siket mei histoaryske ferieningen en oare kultuerhistoaryske ynstellingen. “Sa moat in netwurk ûntstean dêr’t de dielnimmers inoar fan fersterkje”, sei se. “Alles is rjochte op it fertellen en sjen litten fan ferhalen oer de rike skiednis fan ús gemeente. Dy bestiet no tsien jier as Súdwest-Fryslân, mar de histoarje giet in protte desennia werom, nei de tiid dat ús hjoeddeiske grûngebiet in lapketekken wie fan minstens fjirtjin gemeenten.”

maart 21, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.