Analyze: Teloarstellende ferkiezingskampanje wurdt faak ‘oanpakt’ mei nij logo

maart 5, 2021 08:51

In ferkiezingsferlies fan mear as 50% fan de stimmen laat dêrnei yn trije fan de fjouwer gefallen ta in feroaring yn it partijlogo. Nei in grut ferlies kieze politike partijen der faak foar om de styl fan har logo te wizigjen. Opfallend: foarôfgeand oan in teloarstellende ferkiezingsútslach waarden just nea grutte logo-feroaringen trochfierd. Dat, en mear blykt út analyze troch Flyeralarm fan de logo’s fan lanlike politike partijen.

PvdA-logo 2021 (boarne: Flyeralarm)

De online drukkerij analysearre de partijlogo’s fan hjoeddeistige sittende partijen fan 1946 oant en mei 2021 op basis fan histoaryske ferkiezingsposters en affysjes fan it Dokumintaasjesintrum Nederlânske Politike Partijen (DNPP).

Feroaring en ferkiezingswinst geane hân yn hân
Politike partijen feroarje foarôf oan in grutte ferkiezingswinst faak har logo. Yn hast 6 op de 10 gefallen wêrby’t in partij minstens 20% mear stimmen helle, wie dat nammentlik it gefal. Ut de analyze blykt ek dat by grutte ferkiezingswinsten mei mear as 50% mear stimmen sels 63% fan de partijen ien of oare foarm fan logowiziging trochfierde.

CDA-logo 2021 (boarne: Flyeralarm)

Progressive foar konservative partijen oer
Progressive partijen feroarje faker harren partijlogo as konservative partijen. De PvdA hat gemiddeld sjoen it faakst syn logo wizige. It CDA hat dêrfoaroer syn partijlogo troch de jierren hinne hast net wizige. Opfallend is dat dy partij just yn de lêste jierren syn logo in pear kear oanpast hat yn in perioade fan relatyf meagere ferkiezingsresultaten.

Besjoch de folsleine analyze mei in oersjoch fan alle partijlogo’s op de webside fan Flyeralarm.

maart 5, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.