Amper omtinken foar Frysk yn partijprograms

maart 5, 2021 16:23

Moandeitemiddei 6 febrewaris waard it ‘Noordelijk Lijsttrekkersdebat’ holden. Dêr koene fragen foar ynstjoerd wurde. Fan dy gelegenheid hat de Ried fan de Fryske Beweging gebrûk makke, mar dêr waard neat mei dien.

Geeske Krol-Benedictus

De Ried stjoerde in fraach yn oer de rapportaazje fan it Europeesk Hânfêst mei as ynlieding: “De overheid moet veel meer doen om haar verplichtingen voor het Fries in het onderwijs, de zorg en het openbaar bestuur na te komen” en as fraach: “Wat kunt u doen?” Dy fraach kaam spitigernôch net oan ’e oarder.

Sûnt 1980 is Frysk ferplichte foar de basisskoalle. Mar noch altyd is de lêsfeardigens swak en hat noch gjin 20 % fan de skoalbern de kâns hân om de memmetaal skriuwen te learen. Betrouwen yn de oerheid is in ûnderwerp dat yn de measte partijprogramma’s stiet, mar wannear sil Nederlân him oan de ôfspraken hâlde dy’t it op Europeesk nivo tekene hat?

By it trochnimmen fan de programma’s docht bliken hoe wichtich it basisûnderwiis foar de ûntjouwing fan de bern fûn wurdt. It kriget alle omtinken, mar der wurdt amper wat oer it Frysk sein. Dat wylst mei klam yn de Europeeske rapportaazje stiet dat mei faasje it tal lesoeren fan en yn it Frysk yn it primêr ûnderwiis ferhege wurde moat. Datselde jildt foar it tal skoallen yn it fuortset ûnderwiis mei Frysk yn it pakket. Der moat foar soarge wurde dat de besteande skoalynspeksje him foldwaande op it Frysk rjochtet.

Ferkiezingspropaganda by Sleat. Foto © Aant Mulder

In soad noarms en wearden

Krekt as fjouwer jier lyn komme yn ferskate programma’s de noarms en wearden oan ’e oarder, mar der wurdt neat sein oer it feit dat de Nederlânske oerheid him kear op kear net oan de noarm, net oan syn wurd hâldt as it giet om de yn ynternasjonaal ferbân makke ôfspraken oangeande de Fryske taal.

Mar in pear partijen jouwe dúdlik omtinken oan it Frysk. Sa skriuwt de CU: “De Nederlandse taal en Friese taal evenals de Nederlandse Gebarentaal worden grondwettelijk verankerd. Op gelijke wijze wordt in het Caribisch deel van Nederland recht gedaan aan de overige talen in het Koninkrijk, het Papiaments en Engels.” Boppedat skriuwe se dat it Nederlânske regear him hâlde moat oan wat se op Europeesk nivo ûnderskreaun hawwe. Op side 14 en 15: “Betere democratische borging van doorwerking internationale verdragen. Nederland moet invulling blijven geven aan het bevorderen van de internationale rechtsorde, maar de doorwerking van bepalingen uit internationale verdragen moet beter democratisch geborgd worden. Art. 93 van de Grondwet wordt daarom aangepast. Er komt een grondwettelijke en gewoon-wettelijke catalogus van verdragsbepalingen waarop bij de rechter een rechtstreeks beroep gedaan kan worden. Het parlement kan voortaan bij de ratificatie van verdragen, op voordracht van de regering, beslissen welke bepalingen daarin terechtkomen. Net als in andere Europese landen gebruikelijk is, wordt de Grondwet het hoogste recht. Op side 27 skriuwe se noch “Er zijn nieuwe keuzes nodig om de rechtsstaat voor iedereen toegankelijk te houden”.

De PVV neamt yn syn program neist it Nederlânsk en it Frysk as talen fan Nederlân. Datselde jildt eins foar de Boeren Burger Beweging, de BBB. Dy nije partij docht ek oan de ferkiezingen mei. Dy partij hat neist de beide offisjele talen Nederlânsk en Frysk ek omtinken foar regionale talen. It hiele program is yn in tal streektalen oerset.

Behalven yn it ûnderwiis is it brûken fan it Frysk fan belang yn de soarch, yn it rjocht en yn it iepenbier bestjoer.

Partijprograms binne wichtich, mar wichtiger binne de minsken dy’t der wat mei dogge. Sa wolle wy mei eare twa Fryske Twadde Keamerleden neame, te witten Aukje de Vries fan de VVD en Harry van der Molen fan it CDA, dy’t beide in soad wurk makken en meitsje foar Fryslân en it Frysk.

Der binne ek trije partijen dy’t al yn de Keamer sitte dy’t de muoite nommen ha om (in part fan) harren programma yn it Frysk te publisearjen. Dat binne de VVD, de Partij voor de Dieren en Groen Links.

It programma van de VVD begjint sa:

Us nije ferhaal
It gie wer goed mei Nederlân. Nei in swiere finansjele krisis fûnen hieltyd mear minsken banen, leanen giene omheech en belêsting omleech. Nederlân stie yn ’e top op alderhande ynternasjonale listjes oer wêr’t minsken it measte wolfeart, lok, sûnens en frijheid hiene. Fansels binne wy noch frij, en wy litte ús libbensfreugde net samar ôfnimme as dingen ferkeard gean. Mar folkssûnens, ús wolfeart en fertrouwen yn ’e takomst binne wol hurd rekke troch koroana.

It programma fan de Partij voor de Dieren hat dus ek in Fryske ferzje. Dy ynlieding begjint sa:

Wy libje yn ûnwisse tiden
Mar wy stean ek foar grutte feroaringen dêr’t wy lang nei útsjoen hawwe. Oeral op ’e wrâld gean boargers de strjitte op en easkje aksje foar it klimaat. De wyn waait út in oare hoeke. In groeiend tal minsken wol net mear gearwurkje oan de bioyndustry. De stipe foar frijhannelsferdraggen brokkelet ôf. Politisy fan tradisjonele partijen komme der mear en mear foar út dat se harren hieltyd ûngemakliker fiele oer de gefolgen fan harren eigen neo-liberale belied. Oandielhâlders waarden ryk, mar de gewoane boarger bliuwt yn ’e kjeld stean. It ekonomyske systeem tsjinnet ús minsklike wearden net mear. It is tiid om radikaal oare karren te meitsjen.

Ta beslút Groen Links:

Tiid foar nij realisme, tiid foar in nije wurklikheid

De koroanakrisis lit ús noch alle dagen sjen hoe ûnwis oft de takomst soms is. Us sûnens blykt kwetsber. Minsken ferlieze harren baan. Ungelikensens tusken bern groeit. Dochs lit dizze krisis ek ús oare kant sjen. We kinne ús oanpasse as dat nedich is. En binne fleksibel as it moat. Us maatskippij kín feroarje.Feroarje betsjut dat der keazen wurde moat. Elke kar moat dúdlik wêze, sadat we mei-inoar sterker út dizze krisis komme. Duorsumer ek. En earliker. We wolle in oerheid dêr’tst fan op oan kinst. In mienskip dy’t net ien bûtenslút. Wat dyn hûdskleur, leauwen komôf, gender of seksuele foarkar ek is. In goed lean foar ferplegers, leararen en plysjeminsken. En basiswissichheid foar elkenien.

Hjirûnder noch in pear sitaten út de programs dy’t mei Fryslân en it Frysk te krijen ha kinne. Der binne mar in pear partijen dy’t wat hawwe (yn alfabetyske folchoarder):

CU
Tagong ta it rjocht foar elk. De wiziging fan de gerjochtlike kaart hat it rjocht letterlik op gruttere ôfstân pleatst. It rjochtsstelsel moat diels op de skop om de tagong ta it rjocht te ferbetterjen.

PvdA
Wy ynvestearje yn regionaal erfgoed en hâlde rekken mei erfgoed by de bou fan wenningen, oanlis fan wegen en skjinne enerzjy.

PVV
Us taal is Nederlânsk (en Frysk).

SGP
It is frjemd dat de stichtingsnoarmen yn lytse plattelânsgemeenten deselde binne as dy yn in grutte stêd.
De stichtingsnoarmen foar skoallen sille opnij besjoen wurde moatte sûnder dy foar de stêden te ferheegjen.

Lês ek: Ferkiezingsfrysk as stimstipe

maart 5, 2021 16:23
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cornelis van der Wal maart 6, 12:47

    In útsûndering is Code Oranje, op harren side fine jo ûnder oaren:

    ‘ondersteun de provincie Fryslân bij het onderhouden van de eigen cultuur en taal’ en: ‘Belangrijk uitgangspunt voor Code Oranje is dat de ene regio de andere niet is. Fryslân heeft een andere historie en ook een andere behoefte dan Gelderland, Limburg, Overijssel, Flevoland of de Randstad.’

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.