Amper in wurd Nedersaksysk op nij Nedersaksysk webstee
Resint ferskynd
Ie motten ‘t huusjen bie ‘t schuurtjen laoten. Dy spreuk stiet yn skriuwletters neist de Hollânsktalige tekst fan it ‘Nedersaksisch manifest’. It is it langste stik Nedersaksysk dat wy fine koene op it nije webstee Nedersaksisch.com. Fierder stiet der noch in dichtrigel en it wurdsje naoberschap. De rest is yn it Hollânsk.
Neffens it manifest is it Nedersaksysk “meer dan alleen een taal, [maar] ook een cultuur met een rijke geschiedenis”. It manifest soe minsken oer de Nederlânsk-Dútske grins hinne mei-inoar ferbine, sa stiet der. Op in oar plak op it webstee stiet: “Met het spreken in je eigen streektaal kun je met bepaalde woorden en uitdrukkingen zoveel dingen tussen de regels door zeggen. Het voelt dicht bij je hart en schept bovendien een warme verbinding met diegene wie je spreekt.”
Der wurdt wakker beard fan it belang fan it Nedersaksysk en de organisaasjes dêr’t nei ferwiisd wurdt, lykas de Stellingwarver schrieversronte en it Huus van de taol kin men net ferwite dat se de streektaal net serieus nimme. It folslein Hollânsktalige webstee sels docht dat lykwols net. Yn Fryslân wurdt wol fan ‘geveltsjefrysk’ praat. De pear losse Nedersaksyske wurdsjes en spreuken op Nedersaksisch.com lykje in foarbyld te wêzen fan ‘geveltsjenedersaksysk’.

Wij beschermen de taal door in het Hollands in Nederland te schrijven over het Nedersaksisch en in Duitsland in het Duits. Zo verbinden wij elkaar, wat een logica.