Aant Mulder: Wappy, ús Fryske Loesje

maart 2, 2021 07:00

Kollum

De ynternasjonale memmetaledei is alwer âld nijs. Dy dei, ynsteld troch de UNESCO wie op snein 21 febrewaris. It is goed dat der sa omtinken foar memmetalen is, mar oft it folle seadden oan ‘e dyk set, dat betwivelje ik wolris. Dy memmetaledei waard foar de earste kear yn it jier 2000 holden mei as doel memmetalen yn eare te hâlden en om sa taalkundige en kulturele tradysjes fuortbestean te litten mei in protte omtinken foar meartaligens. It opskuor om it Bingaalsk hinne yn 1952 wie oanlieding ta it ynstellen fan dizze dei.

De Afûk en Omrop Fryslân jouwe ornaris omtinken oan dy ynternasjonale memmetaledei. De koroana makke guon dingen hast ûnmooglik, mar it hie der alles fan dat dy omstannichheden ek nije kânsen opsmieten. Op de dei sels waard yn Buro de Vries (Omrop Fryslân) omtinken jûn oan it Stellingwerfsk. De nije direkteur fan de Stellingwarver Schrieversronte, Abel Darwinkel, kaam yn dat programma royaal oan it wurd. It is moai dat we omtinken ha foar de memmetalen fan oaren, mar dat de eigen memmetaal op de kaart set wurdt, ha ‘k leaver. Ik waard troch Afûk en Omrop op myn winken betsjinne.

It wurdt by de Omrop net neamd, mar de nije kampanje past fansels prachtich by dat omtinken foar memmetalen. De Omrop wol graach harkers en sjoggers nei harren programma’s lûke. Dat dogge se op dit stuit ek mei grutte posters bylâns de dyk. Op dy posters steane quotes dy’t nijsgjirrich meitsje moatte nei dy programma’s. In hiele moaienien: “Jo moatte soms ien tsjinkomme, dy’t wat fierder is.” Sa’n quote bliuwt hingjen, alteast by my. It ropt assosjaasjes op oan Johan Cruijff, dy’t it ek sa moai sizze koe: “Er is maar één moment dat je op tijd kunt komen. Ben je er niet, dan ben je óf te vroeg, óf te laat.” Ik moat ek tinke oan Loesje: “Zoete koek neem ik altijd met een korreltje zout.” It muoit my om de Omrop dat de programma’s lykas Fryslân DOK en Hea dêr’t sokke quotes yn sein wurde op ‘e eftergrûn reitsje. Dy quotes bliuwe hingjen en dat fyn ik prachtich. Dêrom noch ien: ”Ik fyts gewoan troch”.

De Afûk sette moai dúdlik yn op de memmetaledei. Dy kaam nei eigen sizzen mei in kadoke. De Afûk hat oangeande it brûken fan it Frysk yn de iepenbiere romte al sûnt 2007 in kampanje mei de namme PraatmarFrysk. Neffens my begûn dat doe allegearre mei In tútsje fan Doutzen. Dat kadoke fan Praatmar Frysk hat de namme #FryskSichtber krige. Doel wie om yn de wike dy’t no foarby is safolle mooglik Frysk yn de iepenbiere romte fêst te lizzen en op sosjale media te dielen. Dat hat prachtige resultaten opsmiten. Tagelyk sjoch ik yn dyselde kampanje posters dy’t hast gelyk binne oan dy fan de Omrop. “By dy of by my”. Tafal of net, ik bin der mei ynnommen. It lykje wol Loesjes, mar dan Fryske. Hoewol, faaks kinne we der mei de tekst “Fryske wappies fernuvere oer wappie.” op in poster fan de Omrop yn gedachten better gewoan Wappy ûnder sette. We moatte dan wol wat fan de ferfelende betsjutting ôf en gewoan oan de aardige famkesnamme tinke.

Tagelyk is it wol spitich dat ivich en erflik de stavering en dan benammen ferkearde staveringen de wille noch wolris in lyts bytsje bedjerre wolle.

Prachtige aksjes of kadokes. Ik bin dermei fergulde. Der binne foarbylden mei moaie teksten en sûnder flaters by. Tagelyk is it wol spitich dat ivich en erflik de stavering en dan benammen ferkearde staveringen de wille noch wolris in lyts bytsje bedjerre wolle. Dat begûn al mei ‘wappie’ mei ie dat eins ’wappy’ mei in y wêze moatten hie. Der binne folle mear foarbylden fan flaters yn it Frysk yn de iepenbiere romte. Guon dogge dat om’t se de stavering brûke sa’t se dy eartiids leard ha, wylst dy no net mear sa brûkt wurdt. Oaren dogge dat om’t se net better witte of om’t se wol better witte, mar net oars wolle. Dan ha ’k it noch net iens hân oer it brûken fan twa talen trochinoar of oer de âlde stavering fan offisjeel yn it Frysk stelde nammen. It muoit my om dy gewoane Friezen dy’t har bêst dogge om it Frysk gewoan goed te brûken, mar hieltyd wer mei ferskillende wurdbylden te krijen ha en it dan ek net mear witte.

Ik neam in pear foarbylden yn de iepenbiere romte: Tút & derút in 1 minuut. It begjint Frysk, mar it einiget yn it Hollânsk. Parkeren, tút en derút, Brede skoalle. No begjint it yn it Hollânsk en einiget it op syn Frysk. Tink om ’e houn. De -ou- moat in -û- wêze. It leit oan us sels. Op de -u- hie in streekje moatten en ússels is ien wurd. Tsjerkepaed mei de âlde – ae- kin om my wol krekt as yn alle oare wurdsjes mei in lange -a- mei twa kear in -a- skreaun wurde. In kleedtsje moat net mei -dt-. Sa is der wol mear. Noch ien: In koarte baen ( ae = aa) is lang genôch foar hwa’t (hwa = wa) net ride kin. It soe samar in Fryske Loesje, Wappy bedoel ik, wêze kinne. Ik fyn Frysk op ’e dyk prachtich en dat minsken hieltyd faker gewoan it Frysk brûke noch moaier. Ik soe sizze, gean troch, doch dat mar faker en tink dan in bytsje om dy lytse flaterkes. Sûnder skoalle moatte we eins al in bytsje deselde skriuwwize oanhâlde, op ’e dyk, yn de media en op papier.

Wylst Afûk en Omrop net folle drokte útjouwe oer de ynternasjonale memmetaaldei bin ik dochs aardich optein. It wurdt noch moaier as ik lês dat se it it kommende jier oars en better dwaan wolle. Dan heakje se oan by in kampanje fan de Feriene Naasjes, dy’t in jier lang duorje sil, mei omtinken foar ynklusyf en meartalich ûnderwiis. En fansels mei romte foar alle memmetalen. Ik beslút mei twa sinnen, dy’t samar aardige Wappys wêze kinne: “In koarte baan is lang genôch foar wa’t net ride kin” en “Werom hast foar de wyn.”

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 27 febrewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
maart 2, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.