Aant Mulder: Se ha my wer net frege

maart 9, 2021 06:57

Kollum

Immen frege my oft ik al in kollum oer de Gysbert Japicxpriis skreaun hie. De man frege dat fansels om’t de gearstalling dêrfan diskusje oprôp. Ik sei dat ik dat net dien hie en dat ik dat ek net fan doel wie. Ik hie de ynstjoerde brief fan de fjouwer winners fan eardere Gysbert Japicxprizen wol lêzen. Sokke lju ha der ferstân fan, tink ik dan mar. Doe’t de foarsitter fan it Skriuwersboun der ek noch wat oer sei, fûn ik it hielendal wol bêst. “Se dogge mar”, tocht ik.

Likegoed liet dy fraach my net mear los. Ik fyn it ferfelend dat, no’t de sjueryleden bekend binne, ornearre wurdt dat dy net goed genôch binne. Wy ha it dan oer Hein Jaap Hilarides. Hy is skriuwer en musikus. Men soe sizze dat hy wol wit wêr’t er it oer hat. Syn earste wurk, dat wie sels in dichtbondel Tersk yn 2000. Yn 2004 hat er meiwurke oan Dream yn blauwe reinjas, in blomlêzing út it wurk fan nijere Fryske dichters. Hy kin dichtsje, dat is dúdlik, en hy fynt der dus ek wol wat fan. Yn 2019 hie er sels mei De trekker fan Troje in nominaasje foar de Gysbert Japicxpriis. De man is aktyf en produktyf en hâldt him dwaande mei in breed ferskaat oan sjenres. O ja, hy studearre ek noch Frysk. Sa’n man moat wol in sit yn de sjuery ha kinne of soene de pommeranten fine dat er te min dichte hat?

Gysbert Japicx (1603-1666)

Nynke Heeg is ek sjuerylid. Sy is in geweldige aktrise en teatermakker. Foar Tryater hat se sa’n tritich foarstellingen spile. Der hearde sels Macbeth by. Wy kinne fan Heeg sizze wat we wolle, mar toanielspylje kin se en se hat sadwaande in grut tal teksten ûnder eagen hân en dêr dus de goede dingen mei dien. Dêr komt noch by dat se ek noch dosint Fryske taal is. Sa’nien moat dochs sjuerylid wêze kinne of net dan! Jannes van der Velde is it tredde sjuerylid. Fan him wit ik wat minder, mar ik lês dat er literatuerwittenskippen studearre hat, dat er tsien jier lang yn it bestjoer fan Tresoar sitten hat en dat er him doe yngeand dwaande holden hat mei it Fryske literêre klimaat.

Net sa’n minne kar tocht ik yn myn ûnnoazelens. Doe kaam de brief fan dy fjouwer eardere priiswinners. De Gysbert Japicxpriis wurdt ferlike mei de PC-Hooftpriis, yn alle gefallen as it om de gearstalling fan de sjuery giet. By dy priis wurdt wurke mei literêre spesjalisten. By de Gysbert Japicxpriis giet dat wat oars om en ta. No moat ik sizze dat in wat bredere oanpak my wol oansprekt. De Fryske literatuer is uzes mei-inoar. Dat freget wat my oanbelanget om in wat bredere sjuery. Gysbert Japicx wie skoalmaster en hat him aardich dwaande holden mei it Frysk. Ik tocht, ik ha ek skoalmaster west. Ik ha no net daliks Frysk studearre, mar der likegoed wol aardich yn trochleard. Ik ha it measte wurk wol lêzen en fan en ta ha ik dêr ek wolris wat fan fûn.

Ik freegje my sels ôf oft Gysbert Japicx sels wol frege west hawwe soe
om yn syn eigen sjuery te sitten as dat kinnen hie.

Ik begryp no wol dat ik net frege wurdt. Dêr is folle mear foar nedich. Ik freegje my sels ôf oft Gysbert Japicx sels wol frege west hawwe soe om yn syn eigen sjuery te sitten as dat kinnen hie. No ha ik it allinne noch mar oer kwaliteiten dy’t sjueryleden ha moatte. Der moat fansels ek rekken holden wurde mei dichters dy’t diskear yn ’e beneaming komme kinne foar dy priis. Dy kinne net in sit yn de sjuery ha. En wat moat men mei betûfte kandidaten dy’t faaks yngeande kontakten ha mei mooglike priiswinners. Dat smyt ek samar wer diskusje op. Ik kin my foarstelle dat sokken mar betankje. As we de wei geane fan de literêre pommeranten, dan wurdt it in hieltyd lytsere groep dy’t kediist oer hieltyd minder skriuwers en dichters.

Friesche Rymlerye (titelblêd fan de earste útjefte fan syn sammele wurk, 1668)

Nee, de Gysbert Japicxpriis moat fan ús allegearre wêze. As ik in brief oan de deputearre skreaun hie, dan hie dêryn stien dat der eins in list komme moat fan alle dichters/dichtbondels dy’t yn de perioade 2017-2020, want om dy perioade giet it, ferskynd binne. In sammellist dus! Dy list soene alle lêzers op stimme kinne moatte. De fiif dichtbondels mei it measte draachflak soene nominearre wurde moatte en oan in sjuery foarlein wurde kinne. Dy sjuery soe op deselde wize regele wurde kinne. Wa’t op in roman/dichtbondel stimt, soe tagelyk in sjuerylid neame kinne moatte. De nammen dy’t it faakst neamd wurde, komme yn de sjuery en meitsje in kar út de fiif faakst neamde wurken. Ik jou ta dat we dan faaks net it meast literêr ferantwurde wurk dat hast nimmen lêst boppe-oan krije, mar wol in boek dat der ta docht. Yn sa’n sjuery soe ’k wol sitte wolle.

It is goed en praat oer sokke dingen. Dat moat no net, no’t nammen fan de sjueryleden bekend binne, mar letter. Der ha faker diskusjes en feroaringen west. Dat moat no dus ek wol wer kinne. De Gysbert Japicxpriis waard yn 1947 foar it earst takend oan Obe Postma foar syn dichtbondel It sil bestean. Om en om waard en wurdt de priis útrikt foar proaza en poëzy. Healwei de fyftiger jierren waard de jierlikse gewoante in twajierlikse. Yn de begjintiid gie it benammen om in roman of in dichtbondel. Letter waard dat hieltyd faker it hiele oeuvre. Wat my oanbelanget kinne we wol werom nei dy begjintiid.

In groslist mei de nammen fan de literêre wurken út it beskate tiidrek gearstalle. De lêzers de kâns jaan om te stimmen. Dat makket in nominaasje fan sa’n fiif boeken mooglik. Stimmers de gelegenheid jaan om tagelyk de namme fan immen dy’t in sit yn de sjuery ha moat te neamen. It liket my net allinne in dúdlik mar tagelyk ek in prachtich demokratysk proses ta. Wy witte dan allegearre hokker boeken yn de lêste trije jier skreaun binne, hokker der útkypje en hokker de priis fan ús mei-inoar fertsjinje. Dat soe wat wêze!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 6 maart yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
maart 9, 2021 06:57
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Friduwih Riemersma maart 9, 13:28

    De list mei foar de Gysbert kandidearre dichtbondels is der! Dy is hjir te finen: http://fers2.eu/fatale-gysbertstrategyen/#gysbertkandidaten . In publykspriis is in prachtich idee! Tink jo ris yn, it kiezen fan de winner kin inkeld –yn ferbân mei de pandemymaatregels– online. Dat is net te befeiligjen: in dichter kin sels in ûnbeheind tal kearen op de knop mei har/syn eigen namme drukke. De konkurrinten jamme dan har/syn ynternet. Al gau wurdt it in moddergefjocht en elkenien kin werris lûd laitsje om de literatuer :))

  2. Erwin2.0 maart 10, 08:38

    @Friduwih, kinst gewoan ien stim per IP-adres tastean. Kinst ek iepenbiere kompjûters blokkearje. It binne mar in pear simpele ynstellingen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.