Aant Mulder: It kin noch hieltyd net

maart 16, 2021 10:19

Kollum

It kin net, dêr moast ik oan tinke doe’t ik de ferhalen oer de boekewike lies. De lanlike boekewike gie net troch, alteast no net, net op dit stuit. It kin dus net, om’t troch koroana gjin gearkomsten mooglik binne. Dy boekewike waard útsteld oan de simmer ta. De Fryske boekewike gie wol troch. It kin net (mei ‘net’ as in hollanisme foar ‘krekt wol’). Deselde wize fan sizzen foar twa ferskillende situaasjes. De iene boekewike gie net troch, de oare al. Ik soe hast sizze: sykje de ferskillen. Dat doch ik mar net, want dy wiene der eins net.

De lanlike boekewike wurdt trochskood nei de simmer. Likegoed waarden no ûnder de namme Een week vol boeken, mei praatprogramma’s op de telefyzje wol dingen dien. Yn Fryslân barde eins itselde. De optredens fan ferskate gelegenheidsduo’s wurde trochskood nei de hjerst. Dat koart gearfette kaam it beide kearen eins op itselde del: gjin gearkomsten, gjin optredens, wol telefyzjeprogramma’s. It wurdsje ‘net’ betsjut yn de praktyk dus beide kearen eins itselde. Dêr is ien ferskil. Dat is it boekewikegeskink.

De lanlike boekewike, dy’t dus net trochgie, bewarret it moaie kadoke fan Hanna Bervoets Wat wij zagen fan by de boeken foar fan ’t simmer. Datselde jildt foar it boekewike-essay. Dat is eins wol moai foar ús, want it boekewikegeskink wurdt de lêste jierren ek yn it Frysk oerset. Baukje Zijlstra hat dat earder dien en dat docht se no wer. Moai, dan ha wy fan ’t simmer grif in nijsgjirrich boekje om te lêzen. Om’t de Fryske boekewike wol trochgie, ha we no ek ús eigen Fryske boekewikegeskink. Dat boekje Lockdownleafde waard skreaun troch Hilda Talsma. Dat geskink allinne al wie foar my reden genôch om in Frysk boek te keapjen. Talsma kin ûnderhâldend fertelle en skriuwe. It hat efkes duorre foar’t ik dat yn ’e gaten hie. Sûnt ha ik aardich wat fan har lêzen. Benammen har skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid en Wyn fan de winners ha ’k fan geniete. En wa net, freegje ik my ôf.

It boekewikegeskink wie dus fergees, mar dan moast ik fansels wol in boek keapje. Dat fûn ik wat lestiger, want ik wit net altyd wat nij yn de winkels leit. Dat binne dan ek noch winkels, dy’t net altyd likefolle omtinken foar it Fryske boek ha. It binne yn alle gefallen winkels dêr’t ik al skoften net mear kom. Aldergelokst stie op de efterkant fan de Sneon & Snein bylage fan de LC fan 6 maart in pagina grutte advertinsje fan Boeken fan Fryslân. It betsjutte net dat ik doe daliks myn kar meitsje koe. Guon boeken sprekke no ienris mear en minder ta de ferbylding en in pear hie ’k ek al. Ik lies yn deselde advertinsje dat de ôftraap op 6 maart wêze soe, de jûns om acht oere ‘live’ op Omrop Fryslân. Sjen dus.

Hy jout ta dat de boeken net foaroan yn de winkel lizze,
want dat binne djoere meters

It wie in moai programma en Karin Bies die it sa goed as wat. Dochs foel it my wat ôf. Yn sa’n boekeprogramma wol ik fan alles hearre oer boeken en oer de dichters en skriuwers dy’t dêrby hearre. De measte skriuwers en dichters komme lykwols mar efkes yn byld om foarút te sjen nei har optredens yn oktober. Eins komme mar twa skriuwers echt oan it wurd. Dat falt dus ôf. De lanlike boekewike dy’t nei trochgie, mar dy’t likegoed in telefyzjeprogramma hie kamen folle mear skriuwers oer boeken yn oan it wurd. Wy moasten it dwaan mei Hilda Talsma en Hein Jaap Hilarides. Dat wiene fansels net de minsten en it wiene nijsgjirrige petearen, dat wol. Dat ik beslút it boek Beppe Xenia fan Hilarides te keapjen.

Hoe doch ik dat. De direkteur fan de Afûk rôp ús op om de boeken yn de eigen boekhannel te keapjen. Dat betsjut bestelle en as de eigen boekhannel it boek net hat, dan moat dy it ek wer bestelle en dan ôfhelje, dus belje en ôfhelje. De man hie fansels gelyk en ik sil wol apen en bearen sjen, mar dochs bestel ik de beide boeken daliks mar by de webwinkel fan de Afûk. Wêrom ek net? Op dy side stiet dat wa’t in boek bestelt, it boekwikegeskink derby kriget en yn dy wike gjin ferstjoerderskosten hoecht te beteljen. Dat fan dy mooglikheid meitsje ik dus gebrûk.

Ik sil it wol net goed dien ha, want der giet fan alles mis. Beppe Xenia bestelle, dat is gau klear. Boek en ferstjoerderskosten komme op it bestelformulier te stean. Ik bin suver ferbjustere. It boekewikegeskink wurdt net neamd wylst ik dêr dus wol rjocht op ha. De ferstjoerderskosten, dy’t net hoege, steane der wol op. Wat ik ek besykje, dat is it. No wit ik fan eardere kearen wol dat it boekewikegeskink automatysk meistjoerd wurdt, mar hoe’t it mei de ferstjoerderskosten komt, ik soe ít net witte. Ik ha der in mailtsje oan weage en ik sjoch dat it bestelformulier ûnderwilens oanpast is. Dat ik bin benijd.

Noch efkes wat oars: Yn dat programma sieten ek: Eveline Aendekerk (fan de CPNB, dat is de stichting Collectieve propaganda van het Nederlandse Boek) en Ad Peek (fan Van der Velde Boekhannels). Dy lêste sei besteklike dingen. Hy sjocht dat it Frysk en Fryske boeken ûnder druk steane. Hy jout ta dat de boeken net foaroan yn de winkel lizze, want dat binne djoere meters. Dat kin ik begripe. Likegoed soe ik witte wolle wat jo bybetelje moatte om de boeken en dan in aardich kompleet assortimint foaroan yn de winkel te krijen. Wat my oanbelanget leit dêr in taak foar de Provinsje om goed oan boekpromoasje te dwaan. As ik sjoch dat ik alle gongbere Fryske boeken yn de gewoane boekwinkels keapje kin, dan doch ik dat en dan bestel ik net by de Afûk.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon13 maart yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

maart 16, 2021 10:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.