Aant Mulder: Acht Fryske Seelannen?

maart 23, 2021 06:21

Kollum

Dêr moast ik oan tinke doe’t ik lies dat de oerienkomsten tusken Seelân en Fryslân grut binne. Ik miende tagelyk dat der eartiids sân Fryske Seelannen wiene en dat we dy benammen sykje moatte yn it noarden fan ús lân en yn it noarden fan Dútslân. West-Fryslân soe it meast westlike Fryske Seelân west ha. Wat wier is moat sein wurde, dan binne we aardich ûnderweis nei it hjoeddeistige Seelân ta. Tagelyk binne we der net botte wis fan hokker gebieten no krekt de Sân Fryske Seelannen foarmen en oft it der wol sân wiene. Wa’t mear witte wol oer de Fryske Seelannen fynt deroer yn it Freeska Landriucht yn it haadstik Traktaat fan de Sân Seelannen mear ynformaasje.

Seelân sil net it achtste Fryske Seelân west ha, mar dochs wurde dy provinsje en Fryslân yn in notysje oer bestjoerlike fernijing neamd as gebieten dy’t opinoar lykje. Der binne fansels wol in pear oerienkomsten. Ik tink oan de striid tsjin it wetter. Dy striid wie yn Seelân lykwols net gelyk oan dy yn Fryslân, mar foar beide dregernôch. Seelân en Fryslân yn de tiid fan de Republyk mei eigen admiraliteiten en wichtige bûnsmaten fan Hollân kinne ek as in oerienkomst neamd wurde. Beide provinsjes binne fansels ek agraryske provinsjes. Wylst we yn Fryslân in eigen taal ha mei in pear dialekten, ha de Siuwen in ferskaat oan dialekten dy’t tusken it Hollânsk en it Flaamsk yn sitte. Dy dialekten foarmje mei-inoar it Siuwsk, dêr’t Siuwskpraters graach erkenning foar ha wolle.

De ferskillen koene wolris grutter wêze as de oerienkomsten. Fryslân hat allinne in pear provinsjes as buorman. Grinslân makket ornaris de measte yndruk. Seelân jildt dat net foar. Dêr ha se net allinne in pear provinsjes, mar sels in hiel lân as buorman. De ynfloed fan Belgie docht derta. Wylst te uzes de ynfrastruktuer net bot feroaret hat Seelân troch brêgen en tunnels goede ferbiningen mei dy buorman België krige. De Lelyliny kin dat fansels feroarje. Fryslân leit ek aardich fierder fan de Rânestêd ôf as Seelân. Nei Ljouwert ta is it sa’n 200 kilometer, nei Middelburch goed 100 km. Fierder is Fryslân hast twa kear sa grut en yn Fryslân wenje ek hast twa kear safolle minsken as yn Seelân.

Ik neamde krekt in notysje. Dat is in essay dat giet oer de krêft fan de regioprovinsjes dat skreaun wurdt troch professor Caspar van den Berg van de Ryksuniversiteit Grins (Kampus Fryslân yn Ljouwert) en doktor Herman Lelieveldt fan de Universtiteit fan Utert (University College Roosevelt yn MIddelburch). It giet oer de gearwurking tusken Fryslân en Seelân.Om’t Seelân finansjeel yn swier waar sit, giet it der eins om om dy provinsje te helpen. No liket my dat earst en meast in taak foar De Haach ta, mar dêr tinkt ús kommissaris, en hy net allinne, oars oer. Mar der is mear. Brok wol sjen oft op dizze wize de posysje fan it ministearje fan Ynlânske Saken ek yn de diskusje behelle wurde kin. De beide kommissarissen soene eins net ivich en erflik oeral tastimming foar freegje wolle,

De Haach moat der lykwols neat fan ha
en no skriuwt ús eigen Dingtiid ek noch dat it better is en doch it net.
Wa’t sokke freonen hat, hat gjin fijannen nedich.

Doe’t ik dat allegearre lies, tocht ik daliks, dat wurdt neat. Dy stúdzje, dat is weismiten jild. De Haach wol ommers it hiele lân op deselde wize bestjoere, oeral en altyd deselde mjitlatte brûke. Dêr kinne wy yn Fryslân wol fan meiprate. Hoewol, foar in grut part is it ek eigen skuld. Yn it ramt fan de sichtberens fan it Frysk woene wy graach unifoarms foar de plysje yn Fryslân dêr’t net ‘politie’, mar gewoan plysje op stean soe, De minister sei dat it net koe en wy lizze ús dêrby del. It grutste sukses yn dat ramt is dat de ‘Frieslandzaal’ fan it ministearje fan Ynlânske Saken no Fryslânseal hjit. Ut Fryslân wei is faker en op ferskillende wizen besocht om oangeande it Frysk en it ûnderwiis yn it Frysk it foech of in lyts part fan dat foech diskant op te krijen. Dat slagge net. It like der efkes op dat der in Fryske ynspeksje foar it basisûnderwiis komme koe. De Haach moat der lykwols neat fan ha en no skriuwt ús eigen Dingtiid ek noch dat it better is en doch it net. Wa’t sokke freonen hat, hat gjin fijannen nedich, sizze se dan.

Men wit net altyd krekt wêr’t de oast sit, mar útstellen dy’t De Haach net noaskje binne samar wer fan tafel of yn in oar fet getten. Ik leau dat de FNP alris foar wat mear finansjele selsstannigens pleite hat. Men heart der neat mear fan. Us Fryske taal en kultuer steane faai. De taal kriget hieltyd faker in hieltyd lytser plakje yn de meartaligens. Dat jildt ek foar ús literatuer. Ik bin benijd wannear’t de earste Gysbert Japicxpriis útrikt wurdt oan in meartalich wurk. De kultuer kin eins allinne mar fuortbestean yn in kultuer fan it noarden. Hoewol’t it measte jild yn de Rânestêd hingjen bliuwt, is foar We the North noch wol wat jild beskikber. Sa wurde de Fryske taal en kultuer sûnder dat we dat sels wolle de bedelte yn holpen. It is allegearre Haachsk en gjin Frysk belied.

De gearwurking tusken Seelân en Fryslân dy’t foarstien wurdt, is grif aardich, mar smyt fansels neat op of it soe wêze moatte dat de provinsjes foarinoar betelje en dat De Haach de knip op de beurs hâldt. Ik hâld it foar mooglik dat der jild nei Seelân ta giet wylst we de eigen plaknammen net betelje kinne. Der moat wat my oanbelanget earst mar wat ekstra jild nei de nije gemeente Noardeast-Fryslân om te dwaan wat se dêr ôfpraat ha. Fryske nammen! Dêr no op weromkomme betsjut dat kiezers hieltyd minder witte wat se oan sokke partijen ha. Eins soe dat hielendal gjin diskusje wêze moatte. Sa’t yn it gebiet fan de earste rykstaal de plaknammen Nederlânsk binne, sa soene yn it gebiet fan de twadde rykstaal de plaknammen gewoan Frysktalich wêze moatte. Soks moat net oerlitten wurde oan gemeenten, mar oan de Provinsje. Dat soe foar mear dingen jilde moatte. Ja, ik wit it wol, soks neame se wishfull thinking.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 20 maart yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
maart 23, 2021 06:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.