30 maart: webinar oer takomst duorsume enerzjy yn Fryslân

maart 26, 2021 08:42

Regionale Enerzjystrategy Fryslân

Op tiisdei 30 maart kinne ynwenners fan Fryslân in webinar bywenje oer duorsume enerzjy yn Fryslân. Yn it ôfrûne jier hawwe provinsje Fryslân, de achttjin Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân, de Friese Energie Alliantie en netbehearder Liander gearwurke oan it ôfstimmen fan plannen foar duorsume enerzjy yn de provinsje. Dat resultearre yn de Regionale Enerzjystrategy (RES). Yn it webinar krije ynwenners ynformaasje oer it proses en de hjoeddeistige stân fan saken.

It webinar duorret fan 20.00 oant 21.00 oere. Deputearre Sietske Poepjes fynt it wichtich om ynwenners op ’e hichte te bringen fan de RES. “Wy moatte no witte wat we foar de takomst kieze. De neikommende generaasjes binne ôfhinklik fan hoe’t wy no mei ús enerzjy omgeane. Dêrom nimme we alle ynwenners fan Fryslân graach yn dit proses mei.”

Underwerpen
Yn it webinar wurdt ûnder mear ynformaasje jûn oer de eftergrûn fan de RES en de stappen dy’t al set binne. Dêrneist komme it ferfolchproses en de rollen fan gemeenten, provinsje en it wetterskip oan bod. Boppedat wurdt der in link lein nei wat de RES foar ynwenners betsjut en wurde fragen beäntwurde. Alle ynwenners binne fan herten útnûge foar it webinar oer de RES Fryslân. Oanmelde kin fia www.resfryslan.frl/webinar. Ynwenners krije dêrnei in mail mei in keppeling foar it webinar.

Regionale Enerzjystrategy Fryslân
Foar de oergong nei duorsumer enerzjy en minder CO2-útstjit is it wichtich om oer gemeentegrinzen hinne gear te wurkjen. Dêrom is Nederlân yn tritich enerzjyregio’s yndield. Fryslân is dêr ien fan. Alle enerzjyregio’s meitsje in plan dêr’t yn stiet hoefolle elektrisiteit oft se yn 2030 duorsum winne kinne. Mei dêryn ûnder mear de projekten foar duorsume elektrisiteit dy’t al realisearre binne en plannen dêr’t fergunning foar ferliend is. By dat alles wurdt it Fryske lânskip yn it each holden. Mear ynformaasje stiet op resfryslan.frl.

maart 26, 2021 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.