Ysbrechtum

febrewaris 22, 2021 08:10

Om de alve steden yn Fryslân hinne lizze altyd wol wat doarpen, meastentiids mei harren eigen foarsjenningen. Yn Drylts (ek in stêd), Skearnegoutum, Top en Twel, plakken yn de omkriten fan Snits, hawwe se wol in supermerk, bakker en soms in slachterij.

Ysbrechtum mei sa’n sânhûndert ynwenners, hat lykwols allinnich in doarpswinkel, mar wol mei in wichtige funksje. It doarpslibben leit dêr, sa as oeral, hast folslein stil. Gjin toaniel, muzyk en sport en it doarpshûs it Fermidden is al in skoft ticht.

Foar de tsjerke oer stiet fan 1984 ôf in âlderwetske doarpwinkel. De minsken komme dêr net allinnich om wat te keapjen of foar de post, mar de winkel fungearret ek as sosjaal moetingspunt foar de ynwenners en foarbygongers.

Foto © Matthijs Verkuijl

De eigener Johannes Greydanus is tige belutsen by de aktiviteiten yn it doarp sels, foarhinne en sadree dy wer mooglik binne fansels yn de takomst ek. Yn de romte njonken de winkel is noch in buertbyb mei Fryske en Hollânske boeken.

Hoewol’t de eigener út in famylje komt fan bakkers, foarhinne yn Gau, makket er sels gjin bôle. Hy hellet syn waren by in soad lokale leveransiers, bygelyks bôle en gebak út Snits en fleis út Toppenhuzen. Fierder bringt er, foaral yn dizze tiid, in soad iten by de minsken yn de omkriten thús.

Hoewol’t it fuortbestean fan doarpswinkels tige ûnder druk stiet troch feroaringen fan de maatskippij, bygelyks troch de twafertsjinners en de komst fan nije ynwenners dy’t de boadskippen faak yn de grutte stêd dogge, hâldt er de kop om samar te sizzen, lokkich noch hieltyd boppe wetter.

Yn it boek fan Geert Mak oer feroaringen yn Jorwert, wurdt it teloargean fan in doarp en de faktoaren dy’t  dêrby yn ’e rin fan de tiid in rol spylje, goed beskreaun. Sa binne der yn ús provinsje in soad doarpkes sûnder kafee of doarpshûs, winkels, skoalle ensfh. Soks docht in grut berop op de leefberens op it plattelân, ek sûnder koroana. Lokkich ûntsteane der wol alderhande lokale inisjativen fan ferkeap fan produkten fan it lân lykas griente, molke en tsiis.

Matthijs Verkuijll

febrewaris 22, 2021 08:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.