Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 29 jannewaris oant en mei 4 febrewaris 2021  

febrewaris 8, 2021 07:23

Minder besmettingen, net allinne by âlderen

Ofrûne wike binne yn Fryslân 7866 testen ôfnommen, sa’n 600 minder as de wyks dêrfoar. It fynpersintaazje (positive testen) wie 11%, ien persint leger as dêrfoar. It tal nije besmettingen is sakke nei 1181 (wie 1306). Dêr stiet foar oer dat folle mear, hast 40%, minsken fan boppe de santich besmet rekken. Dêrom dat it faksinearjen fan dy groep nei foaren helle wurdt.

De 1181 nije besmettingen meirekkene is it koroanafirus no by 22.076 ynwenners fan Fryslân oantroffen. Fan 30 besmette minsken is oan de GGD meld dat se stoarn binne (wie 29) en fan 14 dat se yn in sikehûs opnommen binne (wie 12).

Oersjoch gemeenten
Nije positive testen (tusken heakjes dy fan de foarige wike):
Súdwest-Fryslân 217 (203), Ljouwert 136 (178), Tytsjerksteradiel 121 (87), Achtkarspelen 106 (151), De Fryske Marren 99 (81), Smellingerlân 98 (111), Noardeast-Fryslân 85 (89), It Hearrenfean 57 (95), Weststellingwerf 54 (51), Opsterlân 52 (81), Dantumadiel 50 (61), Waadhoeke 41 (43), Eaststellingwerf 30 (45), Harns 10 (23), Flylân 4 (5), It Amelân 2 (0), Skylge 1 (1) en Skiermûntseach 0 (1).

febrewaris 8, 2021 07:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.