Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 5 oant en mei 11 febrewaris 2021

febrewaris 14, 2021 10:06

It like sa goed te gean: al in pear wike gie it tal koroanabesmettingen omleech. Dat wie lykwols tydlik. It is no wer tanommen: 1207 ynwenners fan Fryslân testen ôfrûne wike posityf.

Under tritigers en fyftigers naam it tal besmettingen ta. Under basisskoalbern wiene der 71 besmettingen, tsjin 31 yn de wike dêrfoar. Under 70+’ers sakke it mei 20%, neidat it yn de wike dêrfoar mei 40% omheech gie.

Nettsjinsteande it winterwaar binne der de ôfrûne wike 8067 testen ôfnommen. Dat is twahûndert mear ferlike mei de foargeande wike.

Tal besmettingen ôfrûne wike (tusken haakjes de foargeande wike)
Ljouwert 242 (154), Súdwest-Fryslân 223 (217), Tytsjerksteradiel 99 (121), De Fryske Marren 93 (99), Achtkarspelen 85 (106), Noardeast-Fryslân 85 (85), Smellingerlân 69 (98), Waadhoeke 67 (41), Weststellingwerf 63 (54), Dantumadiel 54 (50), It Hearrenfean 44 (57), Opsterlân 44 (52), Eaststellingwerf 24 (30), Harns 11 (10), Skylge 0 (4) en It Amelân, Skiermûntseach en Flylân 0 (0).

Mei de 1207 besmettingen fan ôfrûne wike derby, is it koroanafirus no by 23.238 ynwenners fan Fryslân oantroffen. Oan de GGD is trochjûn dat yn dy wike 41 koroanapasjinten stoarn binne en 18 yn it sikehûs opnommen binne.

febrewaris 14, 2021 10:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.