Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 12 oant en mei 18 febrewaris 2021
Resint ferskynd
It tal koroanabesmettingen wie yn Fryslân ferline wike yn bytsje lytser as de wike dêrfoar: 1128. Dêrmei siet it tal positive testen trije wike tusken de 1100 en 1200 wyks. Under de 70+’ers en yn de ferpleech- en fersoargingshuzen sakke it tal nije besmettingen wat. By jongfolwoeksenen krekt oarsom. By basisskoallebern wie it tal hast gelyk: 73 tsjin 71 de wyks dêrfoar.
Gemeentlike sifers (tusken heakjes fopargeande wike): Ljouwert 217 (242), Súdwest-Fryslân 180 (223), Smellingerlân 97 (69), De Fryske Marren 89 (93), Achtkarspelen 82 (85), Noardeast-Fryslân 78 (85), Tytsjerksteradiel 75 (99), It Hearrenfean 55 (44), Weststellingwerf 52 (63), Dantumadiel 48 (54), Waadhoeke 47 (67), Opsterlân 39 (44), Eaststellingwerf 26 (24), Harns 26 (11), It Amelân 6 (0), Skylge 5 (4), Skiermûntseach 4 (0) en Flylân 2 (0).
Mei de 1128 nije besmettingen binne no 24.411 ynwenners fan Fryslân posityf op koroana test. Tal stjergefallen ûnder koroanapasjinten: 38 (41). Tweintich besmette persoanen moasten yn it sikehûs opnommen wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje