Wykoersjoch koroanasifers 22 oant en mei 28 jannewaris

febrewaris 1, 2021 08:53

Minder besmettingen

It tal koroanabesmettingen is yn de lêste wike fan jannewaris fan 1594 nei 1306 sakke, dat is it leechste wiketotaal sûnt 10 desimber. It is oannimlik dat it lykas lanlik foar in treddepart om besmettingen mei de Britske fariant giet.

Yn 13 fan de 18 Fryske gemeenten sakken de sifers. Dat wie it gefal ek yn Achtkarspelen, dêr’t twa wike lyn in útbraak fan de Britske firusfariant wie, mar omrekkene nei ynwennertal binne dêr noch wol de measte besmettingen.
Yn ferpleech- en fersoargingshuzen rekken ferline wike 85 bewenners besmet, 17 minder as de wike derfoar. Oer de hiele provinsje sjoen rekken minder 70-plussers besmet.
De 1306 ynfeksjes fan ôfrûne wike meirekkene binne no 20.895 ynwoners fan Fryslân besmet rekke. Der binne ferline wike 29 besmette minsken stoarn. Yn foarige wiken lei dat tal hieltyd om de tweintich hinne. Tolve minsken waaden ferline wike yn in sikehûs opnommen.

Oantal positive testen in de Fryske gemeenten (tusken heakjes de wyks dêrfoar):
Súdwest-Fryslân 203 (232), Ljouwert 178 (190), Achtkarspelen 151 (206), Smellingerlân 111 (181), It Hearrenfean 95 (128), Noardeast-Fryslân 89 (115), Tytsjerksteradiel 87 (81), De Fryske Marren 81 (110), Opsterlân 81 (95), Dantumadiel 61 (39), Weststellingwerf 51 (43), Eaststellingwerf 45 (58), Waadhoeke 43 (82), Harns 23 (18), Flylân 5 (0), Skylge 1 (10), Skiermûntseach 1 (2) en It Amelân 0 (4).

Hast 2500 soarchmeiwurkers en goed fiifhûndert 90-plussers binne op de GGD-lokaasje WTC Expo in Leeuwarden yninte, 700 mear as de foarige wike.

Ferline wike binne 8474 testen útfierd, hast 2400 minder as in wike earder. Oft dat komt troch de publisiteit oer it stellen fan persoanlike gegevens út GGD-databanken is net dúdlik. Lanlik binne maatregels nommen om de gegevens better te beskermjen. Op de fragen dy’t dêr it faakst oer steld wurde binne hjir de antwurden te finen. It spesjale telefoannûmer dêrfoar is 085-1308226.

febrewaris 1, 2021 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.