Wrâldmienskip moat kommende tsien jier teset oer lytse talen

febrewaris 22, 2021 00:20

Fan takom jier ôf moatte alle lannen hurd oan it wurk om har autochtoane minderheidstalen har gerak te jaan. Dan begjint it ‘desennium fan de lânseigen talen’. Dat is in grut, wrâldomfiemjend projekt fan ‘e Feriene Naasjes.

In grut part fan ‘e talen dy’t op it stuit praat wurde, is faai. As der net folle mear dien wurdt om dy talen oerein te hâlden, is de helte derfan oer hûndert jier fuort. It belied dat lannen op it stuit fiere, docht gjin fertuten. Dêrom moat it roer om.

Snein wie it ynternasjonale memmetaaldei. Ta gelegenheid dêrfan fertelde Abel Darwinkel, de nije direkteur fan ‘e Stellingwarver Schrieversronte, wat de plannen binne om it Stellingwerfsk of Oertsjongersk te behâlden. Benammen yn it ûnderwiis, yn de muzyk en yn de literatuer moat in soad dien wurde.

febrewaris 22, 2021 00:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.