Winners fotowedstriid Kiek’es!

febrewaris 3, 2021 08:40

Fan It Fryske Gea

It Fryske Gea giet troch mei de fotowedstriid Kiek’es! Alle moannen is der in nije foto-opdracht. Dy fan febrewaris is hjir te finen. Oant 16 febrewaris kinne de foto’s ynstjoerd wurde.

Yn jannewaris wie de opdracht om it belibjen fan lockdown fêst te lizzen. Dat levere prachtige foto’s op. It publyk koe stimme op de top 10 dy’t de sjuery selektearre hie en dêr is folop gebrûk fan makke. De foto ‘Love your life’ fan B. Beeksma wûn earste priis.

© B. Beeksma

De oare winnende foto’s binne te sjen op Kiek’es! dit zijn de fotowinnaars van januari – It Fryske Gea

Feilich op ’en paad yn de natuer
No’t de belangstelling foar natuerfotografy tanimt jout It Fryske Gea handige tips om feilich op ’en paad te gean. Dy’t de natuer yn giet docht der goed oan om thús al in alternatyf te betinken foar it gefal it gebiet fan de earste kar al oerbeset is. Is oan de auto’s op dat parkearplak al te sjen dat it net ferstannich is om dê te kuierjen, ryd dan troch nei in in hooplik minder drok gebiet.

febrewaris 3, 2021 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.