Wetten en draachflak

febrewaris 15, 2021 07:00

Skôging troch Jabik van der Bij

Al hiel wat jierren helje ik ien kear yn ’e wike fisk by de Urkervishal yn Snits. De eigeners wenje op Urk en ride alle dagen nei Snits mei farske fisk. Har ûnderlinge omgongstaal is Urkersk, mar tsjin de klanten prate se Hollânsk en dy prate hast allegearre Hollânsk werom. Ferline wike wie der in frou dy’t har fiskjes yn it Frysk bestelde. De frou achter de toanbank hearde it net goed en se frege: ”Wat zegt u?” Rap werhelle de klant har bestelling yn it Hollânsk, min of mear har ekskús meitsjend. “U kunt rustig Fries spreken, dat versta ik prima. Ik hoorde het niet door het mondkapje”, klonk it achter de toanbank. “Ik krijg al zoveel jaren Friese les van die meneer”, wylst se nei my wiisde. Der ûntstie in hiel petear oer Frysk en Hollânsk ûnder de fiif klanten yn de winkel. En samar ynienen begûnen de measten Frysk te praten, ek tsjin de Urkers. Doe’t ik de winkel útgie kaam achter de toanbank wei: “Oant nije wike”.

Doe’t ik de treflike analyze fan Tom Dykstra op ItNijs lies (Is mienskip itselde as mynskip?) en krekt dêrfoar Willem Verf syn betooch oer bewustwurding, skeat my dat tafrieltsje yn de fiskwinkel yn ’t sin. Dat wie yn al syn simpelens in foarbyld fan hoe’t Friezen har ynienen bewust waarden fan har eigen taalgedrach. Sûnder no alle sosjologyske en psychologyske ferklearringen oeral te heljen ha ik it gefoel dat Dykstra en Verf har stikken op ItNijs twa kanten fan deselde medalje binne. Terjochte stelt Dykstra dat it Frysk noch altyd net lykberjochtige is yn de skoallen en mei dêrtroch ek yn de fierste fierte net in lykweardich plak yn it ûnderwiis hat. Dúdlik is dat de ‘ferplichtingen’ fan 1980 en 1993 gjin garânsjes west ha foar lykweardigens yn it skoalprogramma. Dykstra hat gelyk as hy stelt dat de ûnderwiiswet op it mêd fan de kearndoelen en de tiidsbesteging tekoartsjitte. Al folle earder hiene dy foar it Frysk lyklutsen (spegele) wurde moatten oan de formulearring fan wat de wet taalûnderwiis neamt. Mar binne wy der dan as it wetlik regele is? Kriget it Frysk dan wol syn gerak as fak en as fiertaal op skoalle? Fanselssprekkend is dat it Frysk en it Hollânsk in lykweardich plak ha moatte yn de skoalle en dat je dat deeglik yn de wet fêstlizze, mar dan begjint it pas.

Der wurdt wolris wat spytgnyske as minsken roppe dat earne draachflak foar wêze moat. Dat is net terjochte. As je wat feroarje wolle, dan sille minsken der bewust foar kieze moatte. Dat jildt foar alle foarmen fan feroaring as it giet om sûn iten, soarch om it lânskip of de natuer. Alle feroaring fan hâlden en dragen begjint mei bewustwurding. As men jin bewust is fan de gefolgen fan de opwaarming fan de ierde, dan kin dat liede ta draachflak foar maatregels om der wat oan te dwaan. As wy ús bewust binne dat it net goed giet mei it Frysk, en de taalfeardigens kwantitatyf en kwalitatyf tebekrint, is de kâns grut dat der wat feroaret. It is gjin garânsje, omdat der altyd guon binne dy’t wol witte dat it eins oars moat mar it net dogge. Boppedat is in minske frij om te kiezen: brûk ik Frysk of net. Wy wolle gjin wet dy’t minsken ferplichtet om Frysk te praten. Dochs moat it mooglik wêze om de sympaty foar it Frysk, dy’t Willem Verf neamt yn syn stikken op ItNijs (Mear as tritich jier fêsthâlde oan in idee), útrinne te litten op in taalgedrach dêr’t it Frysk fierder mei libje kin. Verf hat gelyk as er seit dat de Friezen it “meimekoar dwaan” dwaan moatte. De ûnderwiiswetten kinne je noch sa oanskerpje, se sille allinne mar effekt ha as se droegen wurde troch de mienskip, te begjinnen by de âlden. Dy lêsten binne de bêste ûnderwiisynspekteurs. De mear as fjirtich jier âlde ferplichting fan Frysk yn it basisûnderwiis hat der net foar soarge dat it Frysk in folweardich plak krigen hat. Nei it ferlern gean fan de twatalige skoallen yn santiger jierren fan de foarige iuw is it Frysk fierder achterút buorke. Dat ha dy wetten net opkeare kinnen. Derom pleitsje ik derfoar dat it spearpunt fan it belied ferlein wurdt fan wetjouwing nei in bewustwurding lykas Verf dat beskriuwt.

Op it stuit wurdt der by Cedin wurke oan it kurrikulum Frysk, yn gewoane taal: taalprogramma Frysk (www.kurrikulum.frl). Hja jouwe dêr in protte omtinken oan de bewustwurding fan de learlingen oer har eigen taalgedrach en de funksje fan talen yn in meartalige situaasje lykas yn Fryslân. It sjocht der fris út, mar it sil allinne fertuten dwaan as it droegen wurdt troch de hiele skoalbefolking, mar ek troch de Fryske mienskip. Frysk sil folle mear sichtber wêze en brûkt wurde moatte yn ús omjouwing. Yn stee fan in Frysk Underwiiskongres, dêr’t Abe de Vries foar pleitet, soe ik earder pleitsje foar in kongres oer de fraach hoe’t je it draachflak foar it Frysk fergrutsje kinne. Der ha de lêste santich jier al safolle ûnderwiiskongressen west. In kongres dêr’t net yn it foarste plak taalbewegers har oaninoar waarmje en de skuld by de oerheid lizze dat der safolle mis giet. It giet om de gewoane Friezen dy’t wol wiis binne mei har taal, mar har net bewust binne dat dy taal stadichoan syn funksje ferliest en dat se dêr sels wat oan dwaan kinne. It Frysk soe like bot op hannen droegen wurde moatte as de Alvestêdetocht yn hiel Nederlân. Omdat te berikken binne faklju nedich en it sil grutskalich moatte om sa folle minsken te berikken. Neam it foar myn part in Deltaplan. It is in operaasje dy’t gâns grutter is as de faksinaasje tsjin it koroanafirus. It is noch net te let. Dat sil hannen fol jild kostje. De Fryske identiteit leit in protte minsken foar yn ’e mûle. Dan kinne wy ús taal as de wichtichst faktor fan dy identiteit dochs net fersûpe litte? Wy hiene it ek oer foar de Kulturele Haadstêd 2018. Dat wie ien kear, foar taal is de ein net te sjen. Foar miljoenen foar diken of in Lelyline draaie wy de hân net om. Dan dochs ek net foar ús meast kostbere besit: ús taal?

febrewaris 15, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Abe febrewaris 15, 14:25

    Lykas meastal in sympatyk ferhaal fan Jabik – mar as er mient dat syn Deltaplan Bewustwurding in alternatyf is foar bettere taalwetten, better ûnderwiis en anty-diskriminaasjebelied, koartsein, foar politike striid, dan slacht er de planke nei myn betinken frij nayf mis. Bewustwurding ûntstiet net troch tsjin de minsken te sizzen dat se bewust wurde moatte. ‘De minsken moatte it sels dwaan’, dy gjalp hear ik sa faak en sa folle fan lju dy’t de moed eins al opjûn hawwe. Taalbewustens hâldt ferbân mei sosjale, ekonomyske en politike struktueren en is dêr om sa mar te sizzen in funksje fan. In Deltaplan Bewustwurding sûnder tagelyk stappen te setten op it mêd fan ûnderwiis, op it mêd fan funksje-easken, op it mêd fan de taalhâlding fan de oerheid – it sil op neat útrinne. De measte minsken stelle in taal net op hege priis út in soarte fan autonome leafde foar diversiteit wei, mar om’t se wat hawwe oan dy taal. Om’t de maatskippij sá ynrjochte is, dat se eins net goed sûnder dy taal kinne. Ferhaaltsjes fertelle is net genôch, Jabik. En de taal rêdt himsels net, Cor [Jousma]. Sûnder politike fjildtochten en in stribjen nei bettere wetjouwing wol it net.

  2. Johannes Rozenga febrewaris 15, 18:28

    Myn gearfetting fan it Frysk by Cedin: dit is de taal fan kurrikulum.frl. dan wit ik it wol. It wurdt wer neat mei it Frysk learen, Jabik.

    “Feedbacksesje konsept boustiennen. Feedbacksesje. Feedbacksesje. Dielnimmers: stakeholders.
    De kearndoelen Fryske taal jouwe omtinken oan:
    1. it mûnling útdrukken yn it Frysk en it ferstean fan sprutsen Frysk;
    2. it skriftlik útdrukken yn it Frysk en it heljen fan ynformaasje út Frysktalige teksten;
    3. de befoardering fan it begryp fan de Fryske taal;
    4. it ûntwikkeljen fan in positive hâlding oangeande it brûken fan it Frysk.
    Ut resinte gegevens docht bliken dat likernôch 30% fan de 412 basisskoallen oan de ferplichtingen fan de kearndoelen foldocht (Varkevisser & Walsweer, 2018). Yn it fuortset ûnderwiis wurdt op de measte skoallen Frysk as fak allinne jûn yn it earste learjier, in oere yn ’e wike. Dat is it wetlik fereaske minimum.”

  3. Cor Jousma febrewaris 16, 14:46

    [En de taal rêdt himsels net, Cor [Jousma]. Sûnder politike fjildtochten en in stribjen nei bettere wetjouwing wol it net.] Fansels!

    Bêste Abe, de kontekst wie krekt oars. Do as dichter bist ek troch dy taal yn it nekfel grepen, nim ik oan…
    Ik hâld my dan mei wat pragmatysker saken dwaande, mar bin krekt as dy wol troch dy taal rekke. Ommers oars soene jo tige frustrearre reitsje. Ek al hawwe guon soks net troch.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.