Waarpraatsje: Winterwykein

febrewaris 12, 2021 17:52

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel kreaze mar wol kâlde freed sjocht it wykein der ek noch tige wintersk út. Der kin op in soad plakken reedriden wurde.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it helder. By in swakke oant matige wyn út it easten friest it matich oant strang. De temperatuer leit tusken de -7 en -12 graden.

Sneon wurdt in gouden winterdei mei hast de hiele dei sinne. De wyn komt wer út it easten en is matich. De temperatuer leit letter op ‘e dei om it friespunt hinne, mar troch de wyn fielt it kâlder oan.

Snein wurdt it ek noch in hiel moaie winterdei mei in soad sinne en in matige súdeastewyn. Yn ‘e nacht fan sneon op snein leit de temperatuer tusken de -5 en -10 graden, snein oerdei om it friespunt hinne.

Fan moandei ôf krije wy teiwaar.

Jan Brinksma

febrewaris 12, 2021 17:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.