Waarpraatsje: Tongersdei rein

febrewaris 17, 2021 18:57

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Wy sitte nei in wike winter no yn in koarte rite mei wiet en skier waar, mar fan freed ôf wurdt it in hiel stik better.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is de loft berûn en it bliuwt, sa goed as, drûch. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is matich mar by de kust lâns matich oant frij krêftich. Letter yn ‘e nacht giet de wyn nei it suden oant súdeasten. It wurdt 5 graden.

Tongersdei is de loft ek berûn en yn ‘e middei reint it in skoft. De sude- oant súdeastewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. Letter op ‘e dei giet de wyn nei it súdwesten oant westen. De temperatuer leit om de 9 graden hinne mar op ‘e Waadeilânen bliuwt it wat kâlder.

Fan freed ôf krije wy in hiel skoft kreas waar.

Jan Brinksma

febrewaris 17, 2021 18:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.