Waarpraatsje: Tongersdei oergongsdei

febrewaris 24, 2021 17:59

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Der wiene woansdei grutte temperatuerferskillen yn Fryslân. By de kust fan de Iselmar en de Waadsee lâns wie it goed 10 graden, mar yn it easten en súdeasten fan de provinsje waard it wol in graad as 15. Fan tongersdei ôf wurdt it in stik frisser.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it helder en by in swakke oant matige sudewyn wurdt it 8 graden.

Tongersdei is der earst kâns op sinne, mar geandewei rekket de loft berûn en yn ‘e jûn soe it wat reine kinne. De wyn giet fan it súdwesten nei it noardwesten en is swak oant matich. De temperatuer leit tusken de 9 en 13 graden.

Fan freed ôf is it wer drûch. De sinne komt werom mar it is wol in stik frisser.

Jan Brinksma

febrewaris 24, 2021 17:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.