Waarpraatsje: Tige myld

febrewaris 20, 2021 17:45

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Mei op guon plakken noch wat snie en iis yn ’e sleatten wie it sneon mei goed 13 graden wol in graad as 15 waarmer as ferline wike sneon. Der wie yn Fryslân wol wat mear bewolking as ferwachte en op de Waadeilânen waard it krapoan 10 graden, mar it ferskil mei in wike lyn koe hast net grutter. It bliuwt noch dagen hiel kreas waar.

Yn ‘e nacht fan sneon op snein is it helder, mar der is wol hege bewolking. De wyn komt út it suden oant súdeasten en is swak oant matich. It wurdt 5 graden.

Snein skynt de sinne flink, mar wat hege bewolking is net útsletten. De sude- oant súdeastewyn is swak oant matich en de temperatuer leit om de 14 graden hinne, mar op de Waadeilânen wurdt it in graad as 5 frisser.

Moandei feroaret der hast neat. Der is wer in soad sinne en by in swakke oant matige sudewyn wurdt it 14 graden.

De oare dagen fan takomme wike bliuwt it maitiid.

Jan Brinksma

febrewaris 20, 2021 17:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.