Waarpraatsje: Stik frisser

febrewaris 25, 2021 17:53

Aldemardum. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei wer in hiel kreaze en mylde dei, mar geandewei rekke de loft berûn en waard it in hiel stik kâlder. Dat bliuwt foarearst ek sa.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn en miskien falt der sa út en troch wat rein. Letter yn ‘e nacht binne der ek in pear opklearringen en op guon plakken kin dan wat damp ûntstean. De noarde- oant noardwestewyn is swak oant matich. Mei 2 graden wurdt it in frisse nacht.

Freed bliuwt it, nei alle gedachten, drûch en de sinne skynt geregeld. By in matige noardwestewyn wurdt it net folle waarmer mear as 9 graden.

Fan sneon ôf bliuwt it wer in hiel skoft drûch en de temperatuer leit alle dagen om de 10 graden hinne.

Jan Brinksma

febrewaris 25, 2021 17:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.