Waarpraatsje: Sniejacht

febrewaris 7, 2021 11:13

boarne: pixabay.com

DE JOUWER – Sûnt sneontejûn is it winter yn Fryslân en dat bliuwt it de hiele wike. Snein falt der in grut part fan ‘e dei snie mei in ôfgryslik kâlde wyn.

De loft is berûn en yn hiel Fryslân, ek op de Waadeilannen, is der sprake fan in sniejacht mei sniedunen. De wyn komt út it easten oant noardeasten en is frij krêftich oant hurd, by de kust lâns en boppe de Waadeilannen hurd oant stoarmich. De temperatuer leit om de -4 graden hinne, mar foar it gefoel is it tusken de -10 en -15 graden.

It bliuwt de hiele wike tige kâld. Oerdei komt de temperatuer net mear boppe it friespunt en yn ‘e nachten krije wy matige oant strange froast.

Advys: Bliuw thús

Jan Brinksma

febrewaris 7, 2021 11:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.