Waarpraatsje: Rêstich en drûch
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Wy ha in tige rêstich wykein belibbe, mei sneon earst skier waar mar letter in soad sinne. Snein wie it de hiele dei skier. It bliuwt foarearst hiel rêstich waar.
Yn ‘e nacht fan snein op moandei is de loft berûn en it kin ek wer dampich wurde. De wyn is swak oant matich en komt út it easten oant noardeasten. De temperatuer leit om it friespunt hinne.
Moandei is de loft berûn en it kin earst ek noch dampich wêze. Letter op ‘e dei is der kâns op (wat) sinne, mar wis is dat net. De eastewyn is matich en de temperatuer leit tusken de 5 en 8 graden.
Tiisdei en woansdei wurdt it wat mylder.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje