Waarpraatsje: Myld en ritich
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in moandei mei izel en glêdens is it no dien mei de winter en goed ek. Takomme wykein wurdt it sels maitiid.
Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is de loft berûn en it kin dizenich en dampich wurde. Op guon plakken soe it sa út en troch ek wat reine kinne. De wyn komt út it suden en is matich. It wurdt 3 graden.
Tiisdei kin it earst noch dizenich of dampich wêze. De loft is berûn en yn ‘e middei reint it in skoft. De sudewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.
Woansdei, tongersdei en freed binne skier, ritich en myld.
Warskôging:
Moandeitejûn, yn ‘e nacht nei tiisdei ta en yn ‘e moarntiid is der kâns op min sicht fanwegen dizenich en dampich waar.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje