Waarpraatsje: Maitiid
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in wike winter en dêrnei in wike ritich en skier waar krije wy no in hiel skoft kreas en drûch maitiidswaar. It wurdt tige myld foar de tiid fan it jier.
Yn ‘e nacht fan freed op sneon binne der flinke opklearringen, mar wat bewolking is ek net hielendal útsletten. By in matige sudewyn wurdt it 5 graden.
Sneon skynt de sinne hast de hiele dei. De wyn komt út it suden en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich oant frij krêftich. De temperatuer leit om de 13 graden hinne, mar op de Waadeilânen bliuwt it troch de ynfloed fan it kâlde seewetter wat frisser.
It waar foar snein sjocht der ek tige goed út. It kin dan noch wat mylder wurde.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje