Waarpraatsje: Kâns op damp

febrewaris 26, 2021 19:05

It Reaklif. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in moaie dei mei flink wat sinne, mar it wie wol in hiel stik frisser as de lêste dagen. It waar foar it wykein sjocht der goed út. Der is wol kâns op damp.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it helder en op in soad plakken kin damp ûntstean. By in swakke westewyn leit de temperatuer om it friespunt hinne.

Sneon kin it earst noch (flink) dampich wêze, mar geandewei de moarn sil de sinne him ek sjen litte. Yn ‘e middei skynt de sinne geregeld. De wyn komt út rjochtingen tusken it noardwesten en noardeasten en is swak oant matich. It wurdt 9 graden.

Yn ‘e nacht nei snein ta kin it wer dampich wurde en snein feroaret der net folle oant it frisse mar drûge waar. By in swakke oant matige noardewyn sjogge wy de sinne sa út en troch en it wurdt wer in graad as 9.

Takomme wike hâld it stabile waar oan.

Warskôging:
Freedtejûn, yn ‘e nacht nei sneon ta en sneontemoarn kin it ferkear lêst hawwe fan min sicht troch damp.

Jan Brinksma

febrewaris 26, 2021 19:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.