Waarpraatsje: Grutte ferskillen
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in skiere dei mei wat winterske delslach en op guon plakken glêde diken bliuwt it tiisdei yn Fryslân oan de kâlde kant wylst it in it suden wol 10 graden wurde kin.
Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is de loft berûn, mar der binne ek in pear opklearringen en dan kin der ek (wat) damp ûntstean. De swakke wyn komt út ferskate rjochtingen mar letter wurdt de wyn súdeast. De temperatuer leit op de measte plakken krekt ûnder it friespunt.
Tiisdei is de loft berûn en letter op ‘e moarn en yn ‘e middei kin der wiete snie falle. De wyn komt út it easten oant súdeasten en is swak. Letter giet de wyn nei it súdwesten en wurdt matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de +2 graden hinne.
Woansdei wurdt ek in skiere en wiete dei. It wurdt miskien in bytsje mylder, mar de kâns is grut dat it yn Fryslân dochs oan de kâlde kant bliuwt.
Warskôging:
Fan moandeitejûn oant tiisdeitejûn kin it op guon plakken glêd wurde.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje