Waarpraatsje: Fan freed ôf drûch

febrewaris 18, 2021 17:30 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in pear ritige dragen sjocht it waar der fan freed ôf in hiel stik better út. Yn it wykein wurdt it sels maitiid.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed binne der flinke opklearringen. De súdwestewyn is swak oant matich, by de kust lâns matich oant frij krêftich. It wurdt mei in graad as 2 noch in frisse nacht.

Freed skynt de sinne earst, mar der is wol hege bewolking. Letter wurdt de bewolking tsjokker, mar it bliuwt drûch. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is matich. De temperatuer leit om de 9 graden hinne, mar op de Waadeilânen is it in pear graden kâlder.

Yn it wykein skynt de sinne geregeld en mei in graad as 13 leit de temperatuer goed 15 graden heger as ferline wykein.

Jan Brinksma

febrewaris 18, 2021 17:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.