Waarpraatsje: Einepikewaar

febrewaris 22, 2021 17:52

Teroele. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei wer in hiel kreaze en mylde dei, mar strieljend waard it net. Tiisdei hat de sinne it earst ek dreech.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. By in swakke oant matige sudewyn leit de temperatuer om de 7 graden hinne.

Tiisdei is de loft earst berûn, mar letter op ‘e dei sjogge wy de sinne grif ek noch wol. De wyn giet nei it súdwesten en is matich. It wurdt tusken de 10 en 15 graden.

Oant freed bliuwt it myld en, sa goed as, drûch.

Jan Brinksma

febrewaris 22, 2021 17:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.