Waarpraatsje: Ein oan iiswille

febrewaris 14, 2021 17:54

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in prachtich winterwykein en in wike fûl winterwaar is it fan moandei ôf dien mei de winterwille. De temperatuer giet takomme wike flink omheech.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei rekket de loft berûn. De wyn komt út it suden oant súdeasten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit noch krekt ûnder it friespunt.

Moandei is de loft berûn en reint it sa út en troch. Dat kin op guon plakken efkes izel jaan. Letter op ’e dei wurdt it drûch. De wyn giet nei it suden oant súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt in pear graden boppe 0.

De oare dagen fan dizze wike is it skier en myld. De winter komt foarearst net werom.

Warskôging:
Moandei kin it troch izel in skoft glêd wurde.

Jan Brinksma

febrewaris 14, 2021 17:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.