Us Leafdefolle

febrewaris 14, 2021 07:00

Oertinking

ús Leafdefolle
dy ‘t rûnom belibbe wurde kin
likegoed dêr’t minsken gearkomme
as yn de iensumens
wy twivelje oan jo frederyk
en leauwe dêr faak net mear yn
wy ûnthilligje gauris jo namme
en slane net bot acht
op earbied en respekt
dat ús wil barre mei
wy rêde foar
ús eigen libbensûnderhâld
en hoege jo der dan ek net
tankber foar te wêzen
yn bycht en skuldferjouwing
leauwe wy allinnich
as it ús fan pas komt
mar Ivige
ferlos ús fan dy
ûnferskillichheid
dat wy wer
de freugde en sin
fan it libben ûnderfine
ta eare fan ús neiste
en jo
bjusterbaarlike
skeppingskrêft

Wytze Brandsma, Gersleat
emearitus agooch-teolooch

febrewaris 14, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.