Ungelokken troch glêdens

febrewaris 15, 2021 09:21

Boarne: Wikipedia (publyk domein)

Rykswettersteat seit dat foaral yn Fryslân ûngelokken bard binne op de sneldiken. Underwilens binne der acht meldingen kaam. Neffens de plysje komme de meldingen foaral út de hoeke Snits-Frjentsjer-Ljouwert. Op de A31 by Dronryp rekke in auto fan de dyk. By Nijlân tusken Snits en Boalsert kaam in auto yn de middenberm terjochte.

Foar hiel Nederlân jildt fannemoarn koade read fanwege izel, útsein yn de provinsjes Seelân en Súd-Hollân, dêr’t koade giel jildt. De test- en faksinaasjelokaasjes fan de GGD binne fannemoarn ticht. In protte skoallen yn it noarden hâlde de doarren hjoed ek ticht. Arriva lit fannemoarn gjin bussen ride yn it noarden.

febrewaris 15, 2021 09:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.