Twadde Keamerferkiezingen by Nieuwsuur

febrewaris 3, 2021 08:53

Yn ’e oanrin nei de Twadde Keamerferkiezingen komt Nieuwsuur (NTR/NOS) yn febrewaris en maart mei spesjale útstjoeringen. Sintraal stean temaôfleveringen oer de trettjin grutste politike partijen. Yn dy útstjoeringen is dan hieltyd ien fan de listlûkers te gast. Oan ’e hân fan de ferkiezingsprograms en hoe’t kiezers dêrop reagearje, sille de partijen ûntlede wurde. Kiezers út eigen fermidden komme oan it wurd oer wat se ferwachtsje, harren ambysjes en krityk.

Nieuwsuur (foto: NTR/NOS)

Dêrneist makket Nieuwsuur in spesjale reportaazjesearje Buiten het Binnenhof. Dêr wurde yn hiel Nederlân kiezers by ûnderfrege oer harren ûnderfiningen en ferwachtingen fan de polityk. Beide projekten sille fansels ek in oersetting krije op de ferskate online kanalen fan Nieuwsuur.

Skema temaútstjoeringen politike partijen (21.30-22.10 oere, NPO 2):
Wo 24 febrewaris, Jeroen Wollaars: DENK, Farid Azarkan
To 25 febrewaris,  Mariëlle Tweebeeke: SGP, Kees van der Staaij
Fr 26 febrewaris, Jeroen Wollaars: 50PLUS, Liane den Haan
Sn 27 febrewaris, Mariëlle Tweebeeke: Forum voor Democratie, Thierry Baudet
Ti 2 maart, Mariëlle Tweebeeke: Partij voor de Dieren, Esther Ouwehand  
Wo 3 maart, Jeroen Wollaars: ChristenUnie, Gert-Jan Segers
To 4 maart,  Mariëlle Tweebeeke: PvdA, Lilianne Ploumen
Fr 5 maart, Jeroen Wollaars: SP, Lilian Marijnissen  
Ma 8 maart, Jeroen Wollaars: GroenLinks, Jesse Klaver
Ti 9 maart, Mariëlle Tweebeeke: D66, Sigrid Kaag  
Wo 10 maart, Jeroen Wollaars: CDA, Wopke Hoekstra 
To 11 maart, Mariëlle Tweebeeke: PVV, Geert Wilders
Fr 12 maart, Jeroen Wollaars: VVD, Mark Rutte

Under foarbehâld fan net-foarsjoene omstannichheden yn ferbân mei koroanamaatregels.

febrewaris 3, 2021 08:53
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jaap Osinga febrewaris 3, 13:53

    WILLEM LOADEWYK MISRÉPRÉSINTEARRE

    Omt ‘Ús Heit’ yn 1620 ferstoar hat 2020 it WLjier west, mei allerhande présintaasjes en publikaasjes. Dêrby is it suver begreatlik dat de organisatoaren fan de histoaryske fakulteit fan de RyksUnifersiteitGrins (RUG) en de Fryske Akademy (FA) mei de stjerdatum omgriemd hawwe. Want Willem Loadewyk fan Nassau as stedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte ferstoar op in woansdei. Mar de min ofte mear heechlearde histoarisi hâlde it op 31 maaie 1620, in snein!
    Dit wykdeiferskil komt trochdat de oarspronklike datum yn 1620 yn Fryslân en Grinslân neffens de dêr doe gongbere Juliaanse kalinder wie. En dat ferskilde tsien dagen -dus trije wykdagen- mei de (ús) Grégoariaanse.
    It sit nammentlik sa dat ús skrikkeljiersysteem mei gemiddeld in jier fan 365,25 dagen in bysje ferskilt fan de werkelijke omrintiid fan de de ierde om de sinne yn 365,242199 dei. Dy alve menuten en fjirtjin sekonden telle yn 128 jier op ta in hiele dei. En dat is fan belang by de regeling fan de Peaskesnein troch it Konsylje fan Nicea yn it jier 325 nei Kristus. De roomske tsjerkelieders hawwe doe de ferskate Peasketradysjes ta íen algemiene regeling beheind. Omt hja út noch yn net woene dat it Joadske Pesach op 14 Nissan -earne ein april of yn maaie- gearfoel mei it kristlike Peaske waard fêstlein dat dit tenei wêze moast op de earste snein nei de earste folle moanne dy’t falt op of nei de maaitiidsequinox.
    Dy datum dat nacht en dei elk presys tolve ûre berinne, waard doe berekkene op 21 maart. Sadwaande giet ús peaskesnein hinne en wer tusken 22 maart en 25 april as gefolch fan de ferskowende folle-moanne datum.
    Om it stadichwei nei de simmer ta ferskowen fan de Peaskesnein te korrisjearjen is folle letter fanwege paus Grégoarius XIII yn it jier 1582 de kalimder tsien dagen foarútset, fan Juliaans tongersdei 4 (+10=14) nei Grégoariaans freed 15 oktober. (Is Juliaans moandei!)
    Omdat der by deselde kalinderdatum dus fanôf 5 oktober 1582 trije wykdagen J/G ferskil is, moat dit Juliaans/Grégoariaans trekt oanjûn wurde: 5/15. En lyksa by de stjerdatum 31 maaie 1620 fan Willem Loadewyk: 31 maaie/10 juny 1620, woansdei, en nét
    31 maaie, in snein.
    It is opfallend dat de oanbelangjende histoarisi fan RUG en FA blykber gijn acht slein hauwe op it winternûmer 2016 fan it histoarysk tydskrift GRONIEK dat wiidweidich it J/G ferskil útleit en it july/augustusnûmer 2019 fan it KFG-orgaan FRYSLÁN
    dat nochris oantrune om goed by de tiid te wêzen.

    Dr. J. Osinga Amsterdam

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.