Twa nije berneboeken by útjouwerij Afûk
Resint ferskynd
By útjouwerij Afûk binne okkerdeis wer twa prachtige nije berneboeken ferskynd. Ik bliuw by dy is in leaf boek oer freonskip bedoeld foar bern fan 0-4 jier mar ek as kadootsje foar Falentyn. Mei It Bijeboek (8-12 jier) dûke bern yn de wûndere wrâld fan de bij. Wêrom binne se sa belangryk foar ús?
Ik bliuw by dy, Smrity Halls
Wêr’tsto ek hinne giest, ik bin derby. Watsto ek dochst, ik bliuw by dy.
It is hiel fijn om goeie freonen te hawwen om alles mei te dielen. Mar soms, hiel soms, kin it wolris wat…euh… te bot wêze. In bearegoed, ‑grappich en ‑leaf boek oer alles wat freonskip betsjutte kin, foar alle freonen op ’e wrâld.
Boekgegevens
Ik bliuw by dy | Auteur: Smriti Halls, Fryske oersetting: Hermien van der Meer | Yllustraasjes: Steve Small | Ferkeappriis: € 14,99 | ISBN: 9789493159464 | Utfiering: hurd kaft | Leeftydskategory: 0-4 jier
It bijeboek, Charlotte Milner
Wêrom al dy drokte oer bijen? Wat dogge se de hiele dei? Wêrom binne bijen belangryk? Untdek wêrom’t bijen ús help nedich hawwe en watsto dwaan kinst.
Boekgegevens
It bijeboek | Auteur: Charlotte Milner, Fryske oersetting: Ytsje Steen | Ferkeappriis: € 15,00 | ISBN: 9789493159457 | Utfiering: hurd kaft | Leeftydskategory: 8-12 jier | Siden: 48
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje